Opbloeiende leafde tusken boer en boarger

juny 26, 2019 08:54

Sân boeren en sân boargers moeten inoar op moandeitejûn 17 juny op de Klompepleats yn Nijhuzum foar in blind date yn it ramt fan mienskipsprojekt Molke 2.0. In projekt dat de relaasje tusken beide groepen ûndersykje wol en bydrage wol oan in positive dialooch. It bleau net by in pypfol praten.

Foto: Keunstwurk

Yn in romantyske setting, mei in knypeach nei Boer zoekt Vrouw, giene boeren en boargers mei-inoar yn petear. Nei in oantal útdaagjende yogaoefenings út it ludike boekje Yoga voor koeien en in útbrochte toast mei molke, setten de petearen útein. By alle ‘spantjes’ wie der fuort in ‘klik’. Boarger Ids út Mantgum (feganist) bygelyks prate mei boerinne Nynke (melkfeehâlder) wiidweidich oer it wolwêzen fan har kij. Har leafdefolle ferhaal naam daliks in part fan syn noed wei. In oar ‘ôfspraakje’ gie oer de enoarme regeldruk dy’t boeren ûnderfine en yn dit gefal ta bedriuwssluting late. It emosjonearre boarger Sabine: “Dat bedriuwssluting net inkeld it kwytreitsjen fan in baan betsjut, mar ek it ferlies fan it boerelibben, hie ik my nea sa realisearre.”

Nei de ôfspraakjes krigen de boeren en boargers de opdracht om in ‘leafdesbrief’ te skriuwen oan in fiktive dierbere om de ûnderfining fan de jûn te dielen en de hoop foar de takomst út te sprekken.

Foto: Keunstwurk

De reis fan molke
De ôfspraakjes en brieven foarmen it útgongspunt fan in grutskalich lokaasjeteaterstik De reis fan melk dat yn 2020 opfierd wurdt. By dat lokaasjeteater belibbet de taskôger letterlik de reis fan de molke: fan ko nei kuolkast. Wat bart der allegear foar’t in gles molke op tafel stiet? En wat kin sawol boer as boarger dwaan om dat glês molke duorsum te meitsjen?

Molke 2.0 is in projekt fan Keunstwurk ûnder artistike lieding fan Janneke de Haan en Willy van Assen.

juny 26, 2019 08:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.