Op reis troch Bhutan

juny 6, 2019 11:06

Earste ôflevering fan nije searje De Toren.

Wêrom begjint ien mei it sammeljen fan likernôch alles? Wêrom giet ien troch mei sammeljen oant er mear as 42 miljoen objekten hat? En wêrom soe ien der dochs eins oan begjinne?

Vincent Kalkman yn Bhutan (foto: NTR)

Yn de alderearste ôflevering fan de nije searje oer natuerhistoarje De Toren besiket Marcel Musters dat út te sykjen. Hy giet út Leien wei op reis, nei it keninkryk Bhutan. Yn Leien is ien fan de grutste natuerhistoaryske kolleksjes op ’e wrâld, yn de kolleksjetoer fan Naturalis. Dat museum is in gearwurking oangien mei Bhutan, dêr’t no, foar it earst yn de skiednis, in begjin makke wurdt mei it oanlizzen fan in nagelnije samling.

Edwin van Huis, direkteur fan Naturalis en libelleûndersiker Vincent Kalkman wurde folge. Hja reizgje troch de mysterieuze berchsteat mei in fangnet en in heimsinnich doaske, in miniatuerslak en in keninklike libel. En der wurdt sjen litten wêrom’t bargen yn Bhutan kannabis ite, muontsen enoarme bijenêsten neist it rút hawwe en boeddhisten gjin ynsekten deameitsje.

Utstjoering: snein 16 juny, 21.10 oere, NPO 2

Marcel Musters (foto: ©Bureau Voorlichting/NTR)

Oer de searje
In mammoetloarte dy’t noch rûkt. In skulp dy’t mar trije minsken op de hiele wrâld oanreitsje meie. In bolle mei minsklike genen. It earstfûne bewiis fan de teory fan Darwin: it harsenpannekapke fan de rjochtopgeande aapminske. Fan snein 16 juny ôf komme se foarby yn De Toren, in aventoerlike seisdielige dokumintêresearje oer de ferhalen efter ús grutste natuerskatten.

Webside
By De Toren ferskynt online in rige ynteraktive, meislepende ferhalen oer de ûntdekking fan ús natuer troch de iuwen hinne. Fan de start fan de searje ôf sjocht men op detoren.tv nea earder fertoande seebisten, libbet men mei in geniale wittenskipper mei dy’t gjin erkenning krige, oerwaget men oft de minske godlike skeppingskrêft krije moat én ûntdekt men hoe’t in geheime leafde miskien wol ta de meast romantyske natuerskat ea laat hat.

Foar it meitsjen fan De Toren is gebrûk makke fan de enoarme samling natuerhistoaryske skatten fan Naturalis yn Leien, de kolleksjebehearders en ûndersikers.

juny 6, 2019 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.