Omrop Fryslân lûkt in miljoen sjoggers mei Maartens Alvestêdetocht

juny 27, 2019 08:24

Maarten van der Weijden (foto: Omrop Fryslân)

De ôfrûne dagen hat Omrop Fryslân alle rekôrs brutsen mei de non-stop útstjoering fan de Alvestêdeswimtocht fan Maarten van der Weijden. Hast in miljoen minsken hawwe nei de Omrop sjoen en de online kanalen lutsen in goed miljoen besiten.

Ut de hiele wrâld wei streamden de berjochten ta. Op it hichtepunt fan de live-útstjoering op telefyzje moandeitejûn seagen der likefolle minsken nei de Omrop as nei bygelyks NPO3. Nina Hiddema, direkteur fan Omrop Fryslân: “Dit befêstiget noch mar ris de enoarme krêft fan de regionale omroppen”.

juny 27, 2019 08:24
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nanne juny 27, 23:06

    Foar frou Hiddema is it in aardige ferliking mei de grutte broer. Lykwols wie it de sjoggers fansels net te rêden om de omrop mar om Maarten van der Weijden. En dy wie net hieltyd op de nasjonale televyzje. Mar wol op in nijer medium: de 360 graden live stream fan de NOS fia YouTube is 4,5 miljoen kear besjoen. Dy ferliking is yn dit gefal likegoed relevant.

  2. Cor Jousma juny 28, 09:41

    Der hawwe dus in soad minsken foar in útstjoering yn de eigen taal keazen!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.