Olivetti sjongt yn Himpens

juny 12, 2019 19:01

Yn ien fan de lytste tsjerkjes fan Fryslân, de Martinustsjerke fan Himpens, sjongt op snein 23 juny it fokaal trio Olivetti. Dat sjongt in Nederlânsktalich lietsjesrepertoire fan ûnder oaren Ramses Shaffy, Annie M.G. Schmidt, Adèle Bloemendaal, Robert Long en De Dijk.
Olivetti bestiet út Janny Kok, Roelof Veldhuizen en Baukje Hoogstins. Dy wurde begelaat troch pianist Oeds Wijnsma (op de foto fan links nei rjochts).

Om net om  ’e nocht te kommen – want fol is fol – is it oan te rieden om plak te reservearjen: info@jannykokmuziek.nl. Der is romte foar fjirtich minsken.
De tagong is fergees, mar nei ôfrin giet de pet om foar in frijwillige bydrage.
It begjint om 16.00 oere.

juny 12, 2019 19:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.