Boeken fan Popkema en Dam op ynternasjonale berneboekelist IBBY

juny 30, 2019 08:58

Ofbylding: Regaad

Anne Tjerk Popkema syn Fryske oersetting Teltsjes fan Tellegen – Alventritich bisteferhalen is foardroegen foar de IBBY Honour List 2020 yn de kategory Oersetters.
Yn de kategory Auteurs is foardroegen Tsjilp: 25 fûgelgedichten foar grutte en lytse protters (DeRyp, 2017) fan Eppie Dam.
Dat hat de Nederlânske ôfdieling fan de International Board on Books for Young People (IBBY) fan ’e wike bekendmakke.

De IBBY Honour List is in twajierlikse list fan bysûndere berneboeken út mear as 75 lannen. Popkema syn yllustrearre oersetting fan bisteferhalen fan de Nederlânske auteur Toon Tellegen is yn oktober 2017 ferskynd by Utjouwerij Regaad. It boek hat yn 2018 in twadde printinge belibbe.
Dit is de twadde kear op rige dat in boek fan Regaad foar de IBBY Honour List selektearre wurdt: yn 2018 waard Martsje de Jong har oersetting fan Roald Dahl’s berneklassiker De GFR (Grutte Freonlike Reus) út 2016 ûnderskieden.

 

juny 30, 2019 08:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.