Oerol set no freed útein

juny 11, 2019 10:45

Op freed 14 juny om 10.00 oere iepenet festivalterrein de Westerkeyn feestlik syn poarten en dan is Oerol 2019 echt begûn.


Oersjoch fan de iepening

10:00 oere – Festivalterrein de Westerkeyn iepen
10:15 oere – Iepeningsprogramma mei û.a. Eilandkinderen, Emma Lesuis en boargemeester fan Skylge Bert Wassink
10:45 oere – Eran & Satijn op de Westerkeyn

In Oerol-festivalbantsje is nedich om op de festivalterreinen te kommen en om nei foarstellings te gean. Op de webside stiet it blokkeskema fan Oerol en kin men in rûte útstippelje. Oerol 2019 is in edysje dêr’t flink by kuiere wurdt, dus goede skuon (lês: gjin slippers) binne oan te rieden. By alle foarstellings stiet de tagonklikens oanjûn.

Oerol App 2019
Fan no ôf kin Oerol yn dyn broeksbûse sitte, want de Oerol App 2019 is fan no ôf offisjeel beskikber yn de App Store of Google Play Store. Mei dy app fynt men syn wei yn it programma en op it eilân en bliuwt men op ’e hichte fan it lêste Oerol-nijs. Untdek dit handige kompas fan Oerol 2019. Ferdwale by Oerol wie noch nea sa dreech.

Op aventoer
Oerol hat wat foar dy. In 06-nûmer. It iennichste datst dwaan moatst is dit:

  1. Stjoer Oerol aan fia Whatsapp nei 06 – 57539796.
  2. Slach dat nûmer op as Oerol.
  3. Diel dat nûmer mei freonen/famylje/wa dan ek.
  4. Wachtsje “rêstich” ôf.

www.oerol.nl

juny 11, 2019 10:45
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.