Nije deputearren en nije Steateleden ynstallearre

juny 27, 2019 15:21

It nije kolleezje fan DS

Yn in bysûndere gearkomste fan Provinsjale Steaten fan Fryslân op woansdei 26 juny, hawwe Provinsjale Steaten it nije kolleezje fan Deputearre Steaten foar de kommende fjouwer jier ynstallearre.

Neidat de kommissaris fan de Kening de ekstra Steategearkomste iepene, joech frou Blaauw in yntroduksje op it ta stân kommen fan it bestjoersakkoart mei de titel ‘Lok op 1’. Dêrnei folge der in debat oer it bestjoersakkoart 2019 – 2023. In mearderheid stimde der mei yn.

Yn de twadde helte fan de gearkomste waarden de nije leden fan Deputearre Steaten  ferkeazen. Harren foarriedige portefúljes binne: Sander de Rouwe, CDA (ekonomy, finânsjes en sport), Sietske Poepjes, CDA (klimaat, enerzjy en kultuer), Johannes Kramer, FNP (lânbou, leefberens en wenjen), Avine Fokkens-Kelder, VVD (ferkear, ferfier, rekreaasje, toerisme, romte, bedriuwsfiering) en Douwe Hoogland, PvdA (feangreide, natoer, wetter en miljeu). Hja foarmje de kommende fjouwer jier it deistich bestjoer fan de provinsje Fryslân. Tongersdei folget de definitive portefúljeferdieling.

De fiif nije Steateleden

Michiel Schrier (SP) en Klaas Kielstra (VVD), nimme ôfskied as deputearre. Hja nimme harren sit yn de Steaten wer yn.

Yn de iepenfallen plakken dy’t ûntstien binne troch de ynstallaasje fan de deputearren, hawwe Provinsjale Steaten fiif nije leden beneamd:

  • Anne Schelhaas, Blesdike (CDA)
  • Anton Meijerman, Drachten (CDA)
  • Anne Zijlstra, Ljouwert (PvdA)
  • Esther de Vrij, De Lemmer (VVD)
  • Wopke Veenstra, Boelensloane (FNP)
juny 27, 2019 15:21
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.