Nederlânsk yn Flaanderen no ek ûnder druk fan Ingelsk

juny 29, 2019 07:33

De Nederlânsktaligen yn Flaanderen hawwe altyd te krijen hân mei in ynfloedrike Frânsktalige mearderheid, dy’t it ferpofte om Nederlânsk te praten. Doe’t België yn 1815 by Nederlân kaam en it Nederlânsk de bestjoerstaal yn Flaanderen waard, late dat by dy Frânsktaligen ta in soad ferset. Dat wie mei in reden foar de opstân tsjin ‘e Nederlânske kening Willem I. Koarter by soargen de Frânsktalige politisy yn ‘e Voerstreek en yn gemeenten tsjin ‘e taalgrins oan foar argewaasje, om’t se besochten om it Frânsk syn âlde status werom te jaan. It fanâlds Nederlânsktalige Brussel is sels foar it grutste part ferfrânske.

No komt der in taal by dy’t it Nederlânsk bedriget. Neffens ûndersyk fan ‘e Brusselske taalkundige Rudi Janssens buorket it Nederlânsk yn de Flaamske gemeenten om Brussel hinne hurd efterút. De útkomsten fan syn ûndersyk binne fêstlein yn de twadde Taalbarometer.

Yn de njoggentjin Flaamske gemeenten yn de ‘Flaamske râne’ om Brussel hinne waard yn 2015 noch troch 50 persint fan ‘e  húshâldings Nederlânsk praat. No is dat 45 persint, in minderheid dus. Giet it derom hokker taal oft de measte minsken behearskje, dan stiet it Frânsk foarop. Dat komt trochdat Frânsktaligen en oaren folle minder faak Nederlânsk leare as oarsom om.

It Ingelsk komt hurd op as fiertaal yn Flaamske húshâldings, benammen by minsken út meartalige húshâldings dy’t yn Brussel wurkje en útwike nei it Flaamske plattelân om te wenjen. Oare talen komme ek op. Yn 2014 waarden der yn ‘e njoggentjin gemeenten 75 ferskillende thústalen brûkt, no binne dat al 87.

juny 29, 2019 07:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.