NBE en Zuiderstrandtheater presintearje festival yn Pinksterwykein

juny 7, 2019 10:22

Nederlands Blazers Ensemble (NBE) en Zuiderstrandtheater presintearje yn it Pinksterwykein fan 9 en 10 juny harren earste festival: Anywhere The Wind Blows – muzyk út alle wynstreken. De ôftraap is op sneontejûn 8 juny, yn de Haachske Skilderswyk.

Foto: pixabay.com

Betocht en spile troch it NBE, mei geweldige artysten fan hein en fier. In feest fan mearkleurige, mankelike en ferrassende klanken. Oer hjir en dêr, oer ûnwennigens en thús, oer kommen en gean, oer eartiids en no en oer wat de takomst bringe sil: hooplik mear betrouwen yn it frjemde en ferwûndering oer it betroude.

By de programmearring hat it NBE him ynspirearje litten troch lannen om de Middellânske See hinne, fan de súdkust fan Turkije oant Marokko en de winsk om mei dit festival de mearkleurigens fan klanken en minsken te fieren en te ferbinen. En betrouwen te bouwen.

Der binne optredens fan ûnder oare AGRAF út Marokko, Kalben út Turkije en de Marokkaanske Farid Ghannam. Driss el Maloumi, ud-firtuoas út Agadir, Marokko treedt ek op. Nei’t er de hiele wrâld oergien is mei fantastyske musisy as Jordi Savall, Debashish Bhattacharya en Montserrat Figueras fûn Driss it tiid om werom te gean nei syn bertegrûn. Dêr ferwurket er syn kulturele erfgoed mei alle ynfloeden en fakmanskip dy’t er opdien hat. De Algerijnske sjongeressen Hasna El Bacharia en Souad Asla en Karsu, Nederlânske sjongeres fan Turkske komôf, binne der ek by.

Fansels binne der ek optredens fan it NBE. Dêrneist sil noch in ryk skala oan gasten út binnen- en bûtenlân optredens fersoargje, binnen en bûten op ferskate poadia. Muzyk yn kombinaasje mei film, iten, ferwûndering, strân, spektakel, sfear, baklava en burgers, munttee en ûnwennigens, iepen earen en earms.

It folsleine programma is te sjen op www.anywherethewindblows.nl.

Anywhere The Wind Blows is in aktiviteit fan Stichting Dans- en Muziekcentrum De Haach, Zuiderstrandtheater en Nederlands Blazers Ensemble en wurdt stipe troch gemeente De Haach, Stichting Dioraphte en it Fonds Podiumkunsten.

juny 7, 2019 10:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.