Monumintale biografy oer tragyske libben Gerhard Fockens

juny 14, 2019 09:00

Hjoed 14 juny ferskynt by Utjouwerij Matrijs De hemelvorser. Gerhard Fockens (1810-1870) troch prefester Mart van Lieburg.

Ofbylding: Utjouwerij Matrijs

Prefester dr. Mart van Lieburg skreau in monumintale biografy oer it tragyske libben fan Gerhard Fockens. De dûmnyssoan waard in súksesfol stjerrekundige yn Utert, oant er dwylsinnich waard en in djippe persoanlike en leauwenskrisis trochmakke.

De fierker dy’t by Fockens op de himel rjochte wie, wurdt yn dizze biografy skerpsteld op Fockens sels. Oan ’e hân fan syn libben komt de fokus te lizzen op it libben fan in dûmnyshúshâlding yn Snits, de Utertske studintewrâld, de stjerrekundigewrâld en de ferskining fan de komeet fan Halley, de tsjerkehistoaryske kwestjes yn Snits en Utert en de rol fan Hermann Kohlbrugge dêryn, de dwylsinnigesoarch yn Utert en Zutphen en grûnlizzers fan de Nederlânske psychiatry Jaco Schroeder van der Kolk en Jean Ramaer, it maatskiplik libben yn Snits en de sosjale soarch en sinding troch dûmny Herman Witteveen yn Ermelo.

“Mart van Lieburg hat mei dizze stúdzje in formidabel monumint oprjochte foar Gerhard Fockens dat de spesjalist yn wittenskipsskiednis oansprekt, mar ek de gewoane lêzer reitsje sil troch de spanning tusken lichem, geast en hert, dy’t Fockens mar mei grutte muoite wist te bemasterjen, en yn guon fazen fan syn libben hielendal net… It is in ryk boek, dat bytiden fier boppe it libben fan de haadpersoan útstiget en hiele stikken fan de religy-, kultuer- en wittenskipsskiednis rom en oansprekkend dokumintearret.” (pref. dr. Willem Frijhoff, foaropwurd)

Boekynformaasje
De hemelvorser. Gerhard Fockens (1810-1870) | Mart van Lieburg | 608 siden |17 x 24 sm. | naaid bûn yn folslein papieren bân | ISBN 978-90-5345-550-0 | € 29,95 | te keap op www.matrijs.com en yn ’e boekhannel.

juny 14, 2019 09:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.