Moeting by de Opstalbeam op 11 juny 2019, tiisdei nei Pinkster

juny 13, 2019 12:12

It is moai waar as wy yn Rahe oankomme foar it Treffen der Freien Friezen. Op in iepen romte tusken de beammen efter it monumint út 1833 hingje de flaggen fan de trije Fryslannen, steane de banken wer klear foar de dielnimmers en foar de sprekkers is der in sprekstuolte. Sûnder fersterking fan it lûd binne de bydragen goed te folgjen.

De oanwêzigen ûnder it gehoar fan Bruns (foto S.T. Hiemstra)

Theda von Ostfriesland (foto A.M. Dykstra-v.d. Woude)

Goed seis oere hjit Arno Ulrichs ús wolkom. Neffens gewoante yn it Dútse taalgebiet wurdt it neamen fan de ûnderskate Fryske taalgroepen mei hantsjeklappen ûnderstreke. Yn syn ynliedend praatsje hellet hy it doel fan dit histoarysk treffen oan: yn de midsiuwen besochten de ôffurdigen hjir ta bettere ôfspraken/wetjouwing te kommen. Dat is no net oars. Aktuele tema’s kinne op it aljemint komme.

As earste kriget Torsen Bruns, de foarsitter fan it Wiekerverein, it wurd. Hy docht in oprop om wach te wêzen op it eigen kultuerbesit. Kultuer yn de brede sin fan it wurd: lânskip, bisten en planten.

Herma Peters fertelt in nijsgjirrich ferhaal oer de tiid fan de Häuptlinge út de 15e iuw. Hja krûpt yn de hûd fan Theda von Ostfriesland, de twadde frou fan Häuptling Ulrich van Cirkcena. Hja is klaaid neffens de moade fan om 1430 hinne en fertelt oer hoe’t har man besiket syn gebiet út te wreidzjen. Hiel wichtich is it hawwen fan bern mei it each op it besit yn de famylje te hâlden.

It duo Jank Frison lit de oanwêzigen mei-inoar sjonge. (foto S.T. Hiemstra)

It ferhaal fan Theda wurdt ûnderbrutsen troch passende muzikale bydragen mei akkordeon en doedelsek fan it duo Jank Frison. Har ferhaal kriget ek in ynteraktyf karakter troch fragen oan it publyk oer oft by de hjoeddeiske minsken soartgelikense eigenskippen of situaasjes te werkennen binne.

It slagget de lieder fan Jank Frison ek de minsken oan it sjongen fan âlde teksten te krijen. Sûnder in soad oefening sjonge de oanwêzigen it refrein fan it liet Litje Toale, dat sa klinkt tusken de beammen by de Opstalbeam: Toale do jo litjet namme mout et aaltied reke. Yn de presintearre lieten giet it bygelyks oer de langst nei frijheid. Net allinne by Friezen, mar likegoed by de Bretons. Gefoelens wurde sa wjerspegele, mar bygelyks ek de skjintme fan it lânskip. God skoep de ierde, mar de Friezen harren lân.

Hoewol’t taalferskillen tusken de Friezen mei in ferskillende nasjonaliteit de kommunikaasje net fuortsterket, is der lykwols wol sprake fan ûnderlinge bining en it ûnderfinen fan mienskip. Yn ‘Kukelorum’ ha wy de moaie moeting ôfsletten.

Tom Dykstra

De foto fan de Opstalbeam op de thússide is nommen troch A.M. Dykstra- v.d. Woude.

 

juny 13, 2019 12:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.