Minister fan Fryske Saken pakt net troch

juny 26, 2019 13:55

Minister Kasja Ollongren fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes; boarne Ryksoerheid / foto Arenda Oomen

Yn it Algemien Oerlis mei de Fêste Twadde Keamerkommisje foar ynlanske saken, dat fan ’e moarn holden waard en dêr’t in soad Fryske Bewegers as taharkers by oanwêzich wiene, binne in soad krityske fragen steld oer de posysje fan it Frysk yn it ûnderwiis en de rjochtspraak en oer maatregels om de sichtberens fan it Frysk te ferbetterjen. Frou Ollongren neamt harsels ‘minister fan Fryske Saken’, mar yn dy rol docht se te min.

De yndruk fan de oanwêzigen wie dat de minister net echt trochpakt. In soad moat ôfstimd wurde mei oare ministers of ynstellingen. Foar it petear mei de rjochtbank moat de provinsje de koaltsjes út it fjoer helje. Benammen oer it punt fan de ûnderwiisynspeksje ûnstie rumoer yn de seal. De Minister wol de situaasje mei ferantwurdlikheden fan de ynspeksje sa litte. Ollongren tinkt dat elkenien syn taak hâlde kin, mar dat der ek gearwurke wurde kin, elk fan de eigen ferantwurdlikheid út. CDA’er Harry van der Molen wiist op it nije bestjoersakkoart fan de provinsje Fryslan. Dêr stiet yn, dat de provinsje dat foech graach oernimt. Ollongren bliuwt der lykwols derby: “Alles is bespreekbaar, maar volgens mij moeten we niet aan de taken van de inspectie komen. We moeten samen naar de doelen kijken.”

It bliuwt polityk. Dat giet net sa fluch. Eins is it koart gear te fetsjen: Ollongren stjoert de Twadde Keamer nei de simmer in brief oer de punten sichtberens, ûnderwiis en rjochtspraak. Se fynt dat de provinsje it echte koördinaasjepunt is en dy wol se net yn de wei rinne. Taalskipper Sietske Poepjes kriget it dus noch drok, de kommende jierren!

Arjen Dykstra

juny 26, 2019 13:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.