Lytse Belgyske gemeente konfrontearre mei flechtlingeproblematyk

juny 8, 2019 11:06

S53, in radiodokumintêre fan Tinne Claes en Wederik De Backer

It stasjon fan Gent/Sint-Pieters, België. De jûns om tweintich foar alven. Oer twa minuten giet de S53 fuort, de lêste trein fan Gent/Sint-Pieters nei Beervelde. In treinbegelieder leunt tsjin de trein oan. Hy hat in grize snor, in keepke en in grys-oranje unifoarm. “Sjoch dat no. Dat binne der op syn minst fjirtich. Op syn minst.” Hy wiist nei in groepke tweintigers efkes fierderop. Tsientallen tsjok ynpakte reizgers stean te wachtsjen op de trein nei Beervelde, in tige lyts doarpke yn East-Flaanderen. “Transmigranten. Ik bin der wis fan.”

Foto: NTR

It binne transmigranten: hja binne yllegaal yn België, mar freegje gjin asyl oan mei’t se leaver nei Ingelân wolle. Ut Beervelde wei besykje se rinnendewei it parkearplak neist sneldyk E17 te berikken. Dêr de frachtwein op, rjochting Calais.

De treinbegelieder makket syn sigaret út en kuieret nei de trein. De doarren gean piipjend ticht. “Allez, it flechtlingetransport giet wer fuort.” Alle jûnen wer riskearje jonge manlju en froulju harren libben om Ingelân te berikken. Elkenien sjocht se fuortgean: meireizgers, treinbegelieders, obers fan it restaurant L’Autre Côté oan it stasjon fan Beervelde. Mar der bart neat.

De S53 is in portret fan minsken dy’t de grutte krantekoppen foarbygean sjogge, mar der neat oan dogge. Want wat kinne se dwaan? Wat kinne se feroarje? Wat kin men dwaan foar minsken dy’t l’autre côté besykje te berikken?

In radiodokumintêre fan Tinne Claes en Wederik De Backer
Muzyk: Studio Ree (Frederik De Clercq)
Einredaksje: Ottoline Rijks

Utstjoering: snein 16 juny om 21.00 oere op NPO Radio 1
Webside: www.nporadio1.nl/radio-doc

juny 8, 2019 11:06
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.