Luilak (ferhaal)

juny 8, 2019 08:32

Resint ferskynd

Luilak

Yn de sechstiger jierren wurke en wenne ik yn Amsterdam. Omdat ik sneons ek wurkje moast, koe ik mar inkeld ris in sneinoer nei myn folk yn ’e buert fan Winsum. Dat wie meast mei de grutte feestdagen lykas Krysttiid. Dan leanne de reis wat mear. Foar allinne mar in sneontejûn en in snein wie de reis my te djoer. Yn 1962, ik wenne dêr doe krekt in healjier, hie ik it sa regele dat ik mei de Pinkster nei hûs koe. Ik koe de sneon en pinkstertiisdei frij nimme. It doel wie om sneontemoarns fuort en tiisdeitejûns werom.

Ik ried yn de tiid op in scooter, dy’t ik fan in âldere kollega oernommen hie. In ideaal ferfiermiddel foar yn de stêd! It like dat wykein kreas waar te wurden, dat ik woe mei eigen reau. Dat skeelde my in stik yn de reiskosten. Freedtejûns hie ik altyd in gesellige jûn mei in pear maten, echte Amsterdammers, dy’t my aardich paadwiis makke hiene yn dy foar my as doarpsjonge frjemde stêd. It praat kaam dy kear op Luilak. Dat sei my neat. “Hoe silsto it mei dyn scooter ha”, sei ien fan harren. “Hoesa, wat is dêrmei?” Doe waard my útlein dat it net fertroud wie en lit de scooter samar op it trottoir stean, sa’t ik wend wie. En alhiel net yn dy folksbuert dêr’t ik in keamer hierde. Ik hearde dat it op de sneon foar Pinkster yn Amsterdam Luilak wie, in typyske folkloare dy’t te ferlykjen wie mei it âldjierstôgjen yn Fryslân. It soe mar ôfwachtsjen wêze oft myn scooter der noch stean soe as ik wekker waard.  “Kinst him net yn in stalling sette?”, frege ien, mar ik soe net witte wêr.

It wie prachtich waar doe’t ik dy jûns nei myn keamer werom fytste, suver soel. Ik siet der danich oer yn hoe’t ik mei de scooter oan moast. Ik betocht dat ik miskien noch mar it bêste daliks fuortride koe. Ik soe dan midden yn de nacht thúskomme, mar dat like my gjin beswier. Miskien stie der wol in doar los, en oars kloppe ik wol op it sliepkeamersfinster. Ik koe myn âlden net opbelje, want de hiene doe noch gjin telefoan. Ik pakte wat guod byinoar yn ’e wykeintas en sei myn hospita dat ik fuort soe, sa en sa. Dat like har ek in goed idee. Ik tink dat it tsjin alven wie dat ik fuortried. De pont oer, Noard-Hollân yn. Doe’t ik sawat by Den Oever wie naam ik my foar om efkes te tanken. De kilometerteller en de benzinemeter diene it net mear. Dat wie al sa doe’t ik de scooter kocht. Syn foarige baas hie dat gjin beswier fûn, en ik hie it sa litten, omdat de kosten fan dy reparaasje net opwoegen tsjin it genot dat ik derfan ha soe.

It tankstasjon wie al sletten, dat ik ried troch yn ’e hoop dat it stasjon oan ’e Kop fan de Ofslútdyk wol dei en nacht iepen wêze soe. Hoefolle smaring oft der noch yn de tank siet hie ik gjin idee fan. Ik tink dat ik sa’n tsien kilometer de dyk op wie doe’t de scooter stadiger begûn te riden en al gau wie it ho. Ik stie in skoftke stil, mar wie al gau út ’e ried: rinne, want oare opsjes wiene der net. De jas út en mei de scooter oan ’e hân fierder. Miskien soe ik gelok ha dat ik troch in frachtauto ynhelle waard dy’t my meinimme koe. Mar der wie al hast gjin ferkear en fan frachtauto’s wie gjin sprake. Grutte ljochten oan de oare kant fan de dyk laken my útnûgjend ta. It like net iens sa fier mear, nei Koarnwertersân, of de Kop, wat soe it wêze?  It wie eins in prachtige nacht en it rinnen wie bêst te dwaan. Ik fielde my wol ûnnoazel, mar ja, wat moast ik oars no’t it der sa hinne lei?

Doe’t ik lang om let by Koarnwertersân oankaam, koe ik wol trochrinne, want dêr wie gjin benzinepomp of hy wie ticht, dat wit ik net mear. En by de Kop fan de Ofslútdyk krekt itselde. It begûn al ljocht te wurden. Wy hiene doe noch gjin simmer- en wintertiid, dat it waard in oere earder ljocht as op ’t heden. Der siet net oars op as trochrinne, op nei Boalsert. Underwilens betocht ik dat it foar ridend ferkear logysk wie om oer Boalsert en Wommels, mar dat ik rinnend faaks wat ôfsnije koe en yn ien of oar doarp tanke, al wie it wol wat betiid. Watfoar diken oft ik nommen haw wit ik net mear en as ik no de kaart besjoch liket elke ôfsnijing earder in omwei, mar op in stuit kaam ik troch Kûbaard. It moat in oere of seis, healwei sânen west hawwe. Dêr wie in soarte fan garaazje of smid, ik wit it net mear. Dêr haw ik oanbelle. Alles wie noch yn ’e rêst, mar der kaam beweging. Ik fertelde oer myn wjerfarren en de baas woe my wol helpe. Ut Kûbaard wei wie it mar in eintsje riden nei hûs ta. Us heit kaam krekt ûnder de kij wei en se soene oan it brea. Ik koe fuort mei-ite en dêr hie ik wol ferlet fan. Wy wiene it der oer iens dat ik wol ûnnoazel west hie mar gjin loaikert.

Karst Strikwerda

juny 8, 2019 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.