Losse artikels lêze op Blendle kin aanst net mear

juny 4, 2019 11:00

It is ynkoarten net mear mooglik en lês fia Blendle artikels út kranten en tydskriften. It bedriuw, dat fiif jier lyn bekend waard troch de mooglikheid om foar in pear dûbeltsjes spesifike stikken út ‘e media yn te sjen, ferplichtet minsken no om in abonnemint te nimmen.

De djoerste stikken op Blendle kosten 89 sint en wa’t it stik úteinlik de muoite net wurdich fûn, koe syn jild weromfreegje. Oprjochter Alexander Klöpping seit dat it ferkeapmodel net langer út kin, ek net foar de Nederlânske kranten en tydskriften. NRC Handelsblad is al ophâlden mei it beskikber stellen fan syn artikels, om’t de krante der hast neat mei fertsjinne. Blendle draait sels ek mei ferlies.

Wa’t noch in tegoed by Blendle hat, moat dat foar 1 augustus opmeitsje, oars ferfalt it.

juny 4, 2019 11:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.