Lida Dykstra wurdt de Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân

juny 21, 2019 10:28
Skriuwster Lida Dykstra wurdt as Berneboekeambassadeur (BBA) oansteld, sa is hjoed op it WOW Meartalich kongres fan Cedin bekendmakke. Fan jannewaris 2020 ôf sil Dykstra twa jier lang promoasje fan Fryske berneboeken en de Fryske taal in gesicht jaan.

Lida Dykstra (foto: Sirkwy)

It amt fan Berneboekeambassadeur is net nij, yn lannen lykas Sweden, Ingelân, Amearika, Australië en ek Nederlân hat de funksje fan Children’s Laureate/National Ambassador for Children’s Literature/Kinderboekenambassadeur him al bewiisd. De BBA hat as taak Fryske berneboeken, taal en lêzen te promoten, Frysk taalplezier, lêsplezier en wurdskat te ferbetterjen.

Lida Dykstra sil in fraachbaak wêze oar bern, âlders, learkrêften en oaren dy’t bestelling hawwe foarFryske berneliteratuer en taal, en wol in brêge slaan tusken lêzers en brûkers fan de Fryske taal en organisaasjes. Boeken fan Fryslân stipet de Berneboeke-ambassadeur yn har aktiviteiten. Skoallen, biblioteken en oare ynstellingen kinne fergees in berop dwaan op de BBA. Dykstra komt dan del, lêst foar, fertelt oer boeken, fersoarget gastlessen en workshops. Sy kin in sit nimme yn sjuerys en sil in tal lesbrieven by Fryske berneboeken meitsje. De BBA sil te folgjen wêze fia in eigen website en social media.

Oer Lida Dykstra
Lida Dykstra studearre Keunstskiednis en hat û.o. wurke as konservator yn Museum Joure. Tsjintwurdich is skriuwen har berop. Se hat mear as tachtoch berneboeken op har namme stean, yn it Frysk en yn it Nederlânsk. Bekende titels binne bygelyks Pykje Fjouwer, Skattich, Wenje yn in skilderij en Spegelspreuk.

Neist printeboeken en boeken foar begjinnende lêzers skriuwt se ek foar âldere bern. By dy boeken lit sy har graach ynspirearje troch (keunst)skiednis. Sy wûn ferskate prizen, lykas twa kear de Simke Kloostermanpriis. Fan 2015 ôf hat se Skoalskriuwer west. Sjoch ek www.lidadijkstra.nl.

juny 21, 2019 10:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.