‘Leuk’ is goed Frysk wurden

juny 3, 2019 14:39

‘Leuk’ is goed Frysk wurden. It wurd wurdt troch leararen Frysk en oare betûfte Fryskskriuwers as ynboargere beskôge. Dat jildt ek foar meartallen lykas ‘gemeentes’ en ‘boetes’. Dat docht bliken út ûndersyk nei in grut tal wurden en konstruksjes dy’t neffens it besteande learmateriaal ‘min Frysk’ binne.

It ûndersyk is útfierd troch Henk Wolf. Hy hat ûntdutsen dat minsken dy’t profesjoneel mei it Frysk dwaande binne in hiel soad wurden noch hieltyd ôfkarre. It omdraaien fan ‘e tiidwurden (‘Soest my dêr mear oer kinne fertelle?’) wurdt bygelyks troch hast elkenien as slim ferkeard sjoen. Dat jildt ek foar it brûken fan it twilûd ‘ie’ ynstee fan de lange ‘ii’ yn wurden lykas ‘tiid’. Oer oare kwestjes is ferskil fan miening. Der binne ek sa’n sân wurden en konstruksjes dy’t hast net ien mear as echt ferkeard sjocht.

In ferslach fan it ûndersyk is te lêzen op it webstee fan De Moanne. Klik hjir om it te lêzen.

juny 3, 2019 14:39
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Abe juny 3, 22:36

    In moai ûndersykje, Henk. Twa opmerkingen: dat it brûken fan min Frysk sosjaal kaptaal kostet, wit ik net. Nearne wurdt ommers behearsking fan it Frysk frege. Kenners sille gau tinke: och, dy leart noch wol wat by, wat sympatyk dat er it besiket. En twa: de fragen binne rjuchte op it fêststellen fan sosjale akseptaasje. Is der ek sokssawat as ‘estetyske akseptaasje’? Der binne wol foarmen te betinken dy’t formeel besjoen miskien troch de mesken kinne, mar dy’t ik noait brûke soe, domwei om’t se der net útsjogge. Ik tink dan bygelyks oan amtlik Frysk.

  2. Henk Wolf juny 4, 16:01

    Tankewol, Abe! Wat it sosjale kapitaal oangiet, binne wy it gewoan iens. Neffens my skriuw ik ek watsto seist. Ik bedoel it yn alle gefallen wol.

    Estetyske akseptaasje bestiet fansels ek. Dat is wat faak de grûnslach foarmet foar taaladvizen dêr’t net praat wurdt oer ‘goed’ en ‘ferkeard’, mar oer ‘moai’ en ‘net sa moai’. Foar myn ûndersykje wienen estetyske oardielen net fuort relevant, mar by it lêste stjirke ûnder ‘Metoade’ sis ik der sydlings wat oer.

  3. L juny 11, 16:13

    ‘Leuk’ is no ek Frysk. Aldergelokst, want no kin ik yn it Frysk om ‘e hânswik alles om my hinne beneame mei leuk. In ynhâldsleazer wurd as ‘leuk’ bestiet net, en wy moasten it wol oernimme want sa’n wurd hiene wy skynber noch net. Men koene ‘earne nocht oan ha’, mar wy ‘fine no yts leuk’. Wy koene ‘prûze’ skuon kocht ha, mar se binne no ‘leuk’. Wy koene optein roppe fan: Ôh wat bjuster!, oh wat trewes! of ‘dat is bjuster trewes. Mar no sizze we: hartstikke leuk of hartstikkene leuk! In ferriking is it net. Nee, net leuk.

  4. Johannes Rozenga juny 11, 17:09

    It domme “leuk” is net aardich en alhiel net nijsgjirrich. Der stiet by my in read golfke ûnder, dat betsjut it bestiet net yn ‘t Frysk. De staveringshifker fan my jout as in oar wurd: Aardich. Jo sille der mar foar trochleard hawwe en sa’n Hollâns wurd te akseptearjen as Frysk. Tige spitich.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.