Leararen Sorbysk prate de taal sels amper

juny 4, 2019 12:31

As in taal hiel lyts is, is it lestich om goede leararen te finen dy’t him oanleare kinne. Dat fernimme de Sorben, in taalminderheid yn de East-Dútske streek Lausitz. Ut ûndersyk hat bliken dien dat de leararen Sorbysk de taal eins net goed genôch behearskje.

It Sorbysk wurdt praat tsjin de grins mei buorlannen Poalen en Tsjechië. Lykas de offisjele talen fan dy lannen is it Sorbysk in Slavyske taal. It tal sprekkers wurdt rûsd op sa’n tweintichtûzen. Skoallen yn it taalgebiet jouwe de taal wol as fak en der binne ek skoallen dy’t it Sorbysk as fiertaal by oare fakken brûke, mar it moat bytiden foar de helsdoarren weikomme.

De wittenskippers Eduard Werner en Jana Schulz fan de universiteit yn Leipzig hawwe de kwaliteit fan ‘e lessen Sorbysk op tweintich skoallen ûndersocht. Beide prate hja Sorbysk. Hja kamen der lykwols efter dat in grut part fan ‘e leararen Sorbysk net yn steat wie en fier mei harren in petear yn it Sorbysk oer harren wurk. Neffens de wittenskippers leit dat deroan dat hja it Sorbysk as frjemde taal leard hawwe en it bûten de skoalle amper prate. Sels op skoalle is it gauris lestich om mei ien Sorbysk te praten, om’t der almeast mar ien learaar Sorbysk is en fierder net ien de taal behearsket.

De wittenskippers hawwe alle learlingen twa kear toetst, mei in tuskentiid fan twa jier. It die bliken dat harren nivo yn de Sorbyske taal net foar-, mar efterút gie.

Kathleen Komolka is Sorbysktalich en hja is kjel wurden fan it ûndersyk. Sels hat hja bern op in skoalle dêr’t Sorbysk jûn wurdt. Hja seit: “It is in ramp dat de bern nei seis jier Sorbyske les oan ‘e ein fan ‘e basisskoalle minder goed Sorbysk kinne as doe’t hja fan ‘e beukerskoalle kamen.” Hja wol dat skoallen it probleem hurd oanpakke. Mei oare heiten en memmen hat hja in plan presintearre foar folslein Sorbysktalige skoallen, dy’t troch wittenskippers stipe wurde.

De ûndersikers hawwe de oanrekommandaasje dien dat alle leararen Sorbysk geregeldwei op kursus moatte om by te learen. Fierders wolle hja dat de lessen Sorbysk op alle skoallen in ferplichte fak wurdt. Hja krije stipe fan de organisaasje Domowina, dy’t opkomt foar de belangen fan de Sorben.

In ferslach fan it ûndersyk is hjir te lêzen: link.

Dútslân mei it gebiet dêr’t Sorbysk praat wurdt (read)

juny 4, 2019 12:31
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan Lautenbach juny 8, 11:43

    As ik hear hoe min oft it Frysk fan de measte ûnderwizers yn Fryslân is, dan leau ik net dat it ûnderwiis yn de Fryske taal folle better is.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.