Lanlike muzykmetoade lansearret Frysk oanbod

juny 23, 2019 08:57

It Sintrum Frysktalige Berne-opfang (SFBO) lit in part fan 123Zing yn it Frysk oersette. Dêrmei wurdt digitaal Frysk metoadysk sjongoanbod foar pjutten en groep 1 & 2 realisearre.
Skoallen en lokaasjes foar pjutte-opfang kinne dêrmei muzykûnderwiis yn it Frysk oanbiede. De lansearring fan de earste Fryske module wie op tongersdeitemoarn 20 juny yn OBS De Cingel yn Menaam.

Janneke Brakels sjongt mei de beukers yn Menaam (foto: SFBO)

123Zing is in populêre sjong/muzykmetoade foar it basisûnderwiis, dêr’t in groeiend tal skoallen gebrûk fan makket. Yn Fryslân hawwe ûnderwilens 170 basisskoallen in abonnemint. Janneke Brakels is sûnt it begjin, sa’n 10 jier lyn, belutsen by de metoade. Se skriuwt ferskes en jout trainingen. Fan it SFBO út kaam it idee om in part fan de metoade yn it Frysk oer te setten. Skoallen kinne op dy wize ienfâldich it Frysk in plak jaan yn it muzykûnderwiis. De organisaasje fan 123Zing reagearre entûsjast op it idee. Janneke Brakels hat om te begjinnen de ferskes hearrende by it pjuttetema De Bernebuorkerij oerset yn it Frysk en ynsongen. Yn ‘e rin fan it jier folgje mear pjutte- en beukertema’s. De ferskes binne tagonklik foar de skoallen dy’t in abonnemint op 123Zing hawwe.

De lansearring wie op OBS De Cingel yn Menaam. Dy docht in soad oan muzyk. Dêrfoar wurdt de metoade 123Zing brûkt, mar der is troch gearwurking mei de muzykferiening ek in fakdosint dy’t alle wiken lesjout oan alle groepen. Yn oanwêzigens fan wethâlder Jan Dijkstra fan de gemeente Waadhoeke lieten Janneke Brakels en de beukers twa Fryske ferskes út 123Zing hearre. Wethâlder Dijkstra joech oan dat mei dit projekt twa saken dy’t de gemeente wearde oan hechet, muzyk en Frysk, op in oantreklike en praktyske wize kombinearre wurde.

It SFBO stipet lokaasjes foar pjutte-opfang en de berne-opfang by it ûntwikkeljen fan in twatalich taalbelied en it útfieren dêrfan yn de praktyk. In 230 lokaasjes oer hiel Fryslân binne ûnderwilens oansletten by it SFBO. Yn ’e stêden en gruttere plakken is SFBO ek aktyf yn de ûnderbou fan goed tweintich skoallen; it Frysk wurdt op dy skoallen mei stal jûn troch de ynset fan frijwillige memmetaalpraters.

De Fryske modules fan 123Zing binne mei mooglik makke troch subsydzje fan de Provinsje Fryslân.

juny 23, 2019 08:57
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 juny 23, 10:54

    En hoe sit it mei ‘Fryslân sjongt’? Of mei soks net mear, dat is net mear goed genôch? Te âlderwetsk en sa?
    Wat in wille hawwe wy derfan hân, wat in moaie Fryske (!!) ferskes. Neat gjin oersette rommel, mar ferskes oer Fryslân en oer Friezen. Sil soks as dit hjir wol net wêze.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.