Klimme en kladderje troch Frjentsjer

juny 29, 2019 11:53

Takomme wike woansdei oant en mei freed is der foar it earst in gemeentlike sportdei yn Frjentsjer. Dy is foar learlingen fan it basis- en it fuortset ûnderwiis. Der dogge sawat 2500 bern mei oan in oerlibbingsloop.

De rûte rint foar in part troch de Keatsersbuert, it War en de Frjentsjerterbosk. Begjin en ein binne op Sportkompleks de Trije. De dielnimmers moatte oer netten klimme, búkglide, slingerje, oer in matte op it wetter drave en mei in flot it wetter oerstekke. Fierljeppen is der ek by.

Mear ynformaasje, de rûte mei alle aktiviteiten en foto’s binne op de Facebookside fan it Beweechteam www.facebook.com/BeweegteamWaadhoeke/te finen.

De sportdagen binne van 9.00 tot 15.30 oere. Publyk wurdt by de rûte lâns ferwachte.

juny 29, 2019 11:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.