Kanadezen jouwe de Skotten les yn Gaelic

juny 29, 2019 08:07

Stel dat der yn Fryslân in krapte oan leararen Frysk wêze soe. Soe ien der dan oan tinke om advertinsjes te setten yn Kanadeeske kranten om te sjen oft dêr guons wiene dy’t de fakatuere ynfolje koe? Dy kâns is net sa grut.

Yn Skotlân dogge se soks wol. Der is al jierren in tekoart oan minsken dy’t lesjaan kinne yn it Gaelic, de taal dy’t yn it ferline yn sawat hiele Skotlân praat waard en no inkeld noch yn it uterste noarden, de Heechlannen, en dan benammen op ‘e eilannen oan ‘e noardkant fan it lân.

De Skotten achtsje de eigen taal hieltiten wichtiger en dêrom wurdt der op skoalle hieltyd mear omtinken oan jûn. It is lykwols dreech om minsken te finen dy’t der les yn jaan kinne en wolle. Dat jildt benammen foar tige ôfhandige doarpkes. De Skotske taalbewegingsorganisaasje Bord na Gaidhlig is dêrom foar de skoallen op ‘e siik gien. De syktocht yn Skotlân smiet neat op en no siket de organisaasje fierder yn Kanada.

Dêr is it sykjen benammen rjochte op ‘e provinsje Nova Scotia, yn it uterste easten fan Kanada. Dy provinsje, dy’t bestiet út in skiereilân en ferskate eilannen, liket wat it lânskip oanbelanget tige op ‘e Skotse Heechlannen. It noarden en suden fan Nova Scotia binne benammen Frânsktalich, de rest benammen Ingelsktalich, mar der binne fanâlds in pear Gaelictalige mienskippen en der binne noch in pear tûzen praters fan de taal oer. Yn it stedsje Antigonish / Am Baile Mór, dêr’t hast elkenien fan Skotsk komôf is, wenje safolle Gaelictaligen dat de plaknammebuorden der twatalich Ingelsk/Gaelic binne.

Ferline jier kaam de Kanadeeske Sine Halfpenny yn it nijs. Hja hie as iennichste sollisitearre op in baan as learares Gaelic op in Skotsk eilân en hja hie de baan krige, mar hja krige net in fisum, om’t se mei har baan minder as tritichtûzen pûn fertsjinne – it minimum foar in wurkfisum yn it Feriene Keninkryk. Wilens hat it regear it op oanstean fan Skotske parlemintsleden makliker makke foar bûtenlanners om in wurkfisum foar Skotlân te krijen.

juny 29, 2019 08:07
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Nanne Hoekstra july 3, 12:09

    Fierwei de measte Skotten binne harren eigen taal dus al kwyt en in protte fine dat o sa spitich. Ik ha wol Skotten troffen dy’t dat harren foarâlden kwea-ôf namen. Soks soe in warskôging wêze moatte foar de Fryske heiten, memmen, paken en beppen, om it te uzes net sa fier komme te litten. En foar it ûnderwiis fansels, mar dat moat wol genôch prest wurde út de maatskippij wei!

  2. RobMokum july 3, 12:45

    Ik moat al laitsje om’e earste zin. Der binne yn Fryslân tink ik mear skoallen wêr’t Fryske les ien oerke Frysk sjongen yn’e wike ynhâld as skoallen wêr’t it Frysk wier as earste taal hantearre wurdt. As Fryslân gjin selsbestjoer hat sil de taal allinich mar efterút gean. Dan bliuwt it by om de x jieren in rapport wêryn sein wurdt dat de oerheid wat dwaan moat, folge troch in demonstraasje fan 40 minsken foar it provinsjehûs. En dan mar wachtsje op it folgjende rapport….. Rara, wat sil dêrfan de konkluusje wêze?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.