Joana Duarte nije lektor meartaligens

juny 16, 2019 16:14

Joana Duarte (foto: 3M)

Joana Duarte wurdt de nije lektor foar meartaligens en skriftlike taalbehearsking by hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert. In lektor is lieder fan in groep ûndersikers. Frou Duarte nimt de lieding oer fan twa ûndersyksgroepen: ‘Frysk en meartaligens’ fan Alex Riemersma en ‘Taalgebrûk en learen’ fan Jan Berenst. Beide lektors binne koartlyn mei pensjoen gien.

Frou Duarte wurke al as lektor foar Dútsk en Nedersaksysk by NHL Stenden yn Emmen. Fierder wurke hja as dosinte en ûndersykster by NHL Stenden yn Ljouwert en by de Ryksuniversiteit Grins.

Ien fan de taken fan de lektor is it begelieden fan trijetalige skoallen yn Fryslân en it ûntwikkeljen fan materiaal dat dy nedich binne.

juny 16, 2019 16:14
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. - juny 16, 17:50

    …dat dy nedich binne ?

  2. D. Wiersma juny 16, 19:20

    nedich hawwe …

  3. RobMokum juny 17, 00:09

    Nedich binne is gewoan geef Frysk. Ik haw it faak yn boeken sjoen. Ik haw it noch nea ien sizzen hearre, mar yn gewoane petearen brûke Nederlanners ek faker hun of zij/ze foar wat eins hen wêze moatte soe. Neat mis mei.

  4. - juny 17, 07:04

    It gong om ‘dat dy’, ‘dy’t’ wurdt bedoeld.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.