Jensma en Wolf warskôgje foar efterútgong stúdzje Frysk

juny 8, 2019 22:02

Goffe Jensma (lofts) en Henk Wolf

De Fryske taal, literatuer en skiednis wurde hieltiten minder bestudearre. Der wie in tiid dat deroer praat waard dat eins alle grutte Nederlânske universiteiten in stúdzjerjochting Frysk ha moasten, wylst de stúdzjes Frysk no hast allegear opgien binne yn gruttere gehielen, redusearre binne ta byfak op sels opdoekt binne. Wittenskippers en dosinten moasten kreatyf wêze om net alles kwyt te reitsjen.

Sa’t it mei lytse wittenskippen as de frisistyk gien is, sa kin it op ‘e langere doer ek wolris mei gruttere stúdzjes komme. Dêrom sette Goffe Jensma, heechlearaar Frysk yn Grins, en Henk Wolf, dosint Frysk by hegeskoalle NHL, yn in artikel op in rychje wat der op it mêd fan ‘e wittenskip fan it Frysk al ferdwûn is wat wa’t hjoed de dei noch wol dwaande binne mei de stúdzje fan Fryske taal, literatuer en skiednis. Hja wize derop dat de efterútgong fan ‘e frisistyk diel is fan in bredere ûntjouwing en pleitsje wol foar gearwurking, mar dan sa dat it Frysk dúdlik sichtber bliuwt.

It stik is ferskynd op it webstee Neerlandistiek. Klik hjir om it te lêzen.

juny 8, 2019 22:02
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. mbc84 juny 9, 08:41

    Sûnder nasjonalisme is der gjin needsaak om foar in lytse taal as it Frysk te krewearjen. ‘Ik spreek ook net zo graag Nederlands’… It Frysk trochspekke mei hollannismen sa’t it foar in trochsneed Hollanner goed nei te kommen is. Wat is der dan noch Frysk oan?
    Boppedat is it Frysk gjin bepalende faktor in FRL, it is noch altiten as it suertsje by de boadskippen. Hjir is ek de Fries sels skuldich oan, dy’t it net serieus nimt en Hollânsktalige ynformaasje ta him nimt sûnder der by nei te tinken.
    Hjoed-de-dei komt it Hollânsk ek al yn ‘e knipe. Ingelsk prate is o sa populêr, sels yn rûnten dêr’t elts wol Hollânsk prate kin. En ek hjir deselde hâlding, altiten mar in oar akkommodearje wolle en mar ynteressante wêze wolle, want Hollânsk is net ynklusyf genôch…. En sa giet it ferskaat kapot, omdat slûgen en sleauwen miene dat se altiten in oar helpe moatte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.