Jazz en Gospel op CityProms 2019

juny 20, 2019 07:00 Fernijd

Freedtejûn 28 juny komme it Jazz Orchestra of the Concertgebouw en it ZO!Gospel Choir op it Ljouwerter Wilhelminaplein. Dat wurdt in feestlike griemmank fan oansteklike jazz en swingende gospelsongs. Se fersoargje it ôfslutingskonsert fan de iepeningsjûn fan it CityProms Festival, dat om kertier oer tsienen hinne begjint.
It iepeningskonsert begjnt om 20.00 oere en wurdt fersoarge troch i
t Noard-Nederlânsk Orkest û.l.f. Damian Iorio en topselliste Irene Kok.
CityProms is f
an 27 oant en mei 30 juny yn de binnenstêd. It hiele festival is fergees tagonklik.

ZO!Gospel Choir (foto © Jean Marc Kessely)

It jazzorkest en it gospelkoar hearre yn harren soarte ta de absolute wrâldtop. It koar die ek mei oan it lêste befrijingsfestival op de Amstel. Mei dit optreden pakt CityProms dit jier ek wer grut út. Direkteur Margot Hoiting: “Grenzen Vervagen is dit jier it tema. Wy binne in klassyk muzykfestival, mar wy sykje graach de grinzen mei oare zjenres op. Dit konsert, dêr’t in jazz- en in gospelformaasje, beide fan heech nivo, inoar muzikaal moetsje, is dêr in prachtich foarbyld fan. Wy binne der grutsk op dat we sokke topartysten oerhelje koene om oan CityProms mei te wurkjen. Dit wurdt in absolút feest!”

 

 

juny 20, 2019 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.