Jan Willem Zwart: Sproeiskamte

juny 29, 2019 20:00

Kollum

Mei it waarme waar fan de ôfrûne dagen tinke wy al gau wer oan ferline jier. In drûge, waarme en lange simmer! It wie in jier fan ekstremen yn it waar. Kâlde winter en hjite simmer. Mar foaral hiel drûch! Der waard sein dat it earst mear as twahûndert dagen reine moatte soe om wer op in goed grûnwetterpeil te kommen. 2018 wie ek it jier dêr’t it Wetterskip yn frege om sunichoan te dwaan mei wetter. Boeren mochten net mear sproeie it lân en partikulieren waard ek oanret om de tún net te sproeien. De maitiid fan 2019 liket miskien wol oars as dy fan 2018, mar it is dochs wer tige drûch. Sûnder dat ynstellingen der al wat oer sein hawwe, ûntstiet der in soarte fan skamte om wetter yn it iepenbier te brûken. Sels as de brânwacht yn Dokkum op ’e merk mei wetter foar ferkuolling soarget, wurde der al fragen oer steld. Soks hat dêrom dit jier in nij wurdt mei meibrocht: sproeiskamte.

Der wurde hieltyd mear wurden betocht om in namme te jaan oan it feroarjende klimaat en miljeuproblematyk. Sa wurdt bygelyks al gauris sein as je mear as twa kear yn it jier fleane, dat der in soarte fan fleanskamte komme moat. Dat om de fleanbewegingen minder te meitsjen. Of fleisskamte. Der is in grutter wurdende groep, benammen jongerein, dy’t hiel bewust libje wol. Foar harren past fleis, as wetterfreegjend produkt, der net mear yn. Krige men eartiids in hurdsean aai as men sei dat men fegetarysk iet, of waarden de gehakballen út it sop helle, no is op hieltyd mear BBQ-feesten in fegetarysk pakket mei griente en fleisferfangers de boppenoarm oan it wurden. It sjocht der moai lekker en oantreklik út. De nije noarm is der ien dy’t net troch oerheden of ynstellingen oplein is, it is in sosjale noarm mei in eigen sosjale ynslach. Minsken sprekke inoar derop oan. Op it wurk, yn de buorren of by famylje en freonen. It wurdt dien mei in knypeach, mar it hat in wichtige en ûnderboude ûndertoan. It besef dêrfan nimt ta. Der is in nije groep minsken dy’t har derfoar ynsette wolle!

Sproeiskamte, de ûndertoan is gewoan dat wy it net mear meitsje kinne om de hiele tún fol te lizzen mei tegels en stiennen en dan de auto te waskjen op de oprit. Sproeiskamte is dat je neitinke oer wetter yn de eigen tún, reinwetterbakken of in reintonne, wetter langer fêsthâlde of de beplanting oanpasse. Of dat men der goed oer neitinkt en bewust mei wetter, miljeu en omjouwing omgiet. Of dat men dat docht en jinsels dan nearne foar hoege te skamjen!

Eigen foto’s

 

juny 29, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.