Jan Willem Zwart: Doelleazen

juny 1, 2019 20:00

Kollum

Al tiiden is it doarp der fol fan. De doelleazen komme nei Bûtenpost ta. Se besteane tsien jier. It is benammen de jeugd dy’t de tinte yn it doarp besiket en nei de muzyk fan dy Fryske dj’s harket. Nûmers as ‘De hiele tinte nei de bliksem’ of ‘De mem fan Doutzen’ wurde troch hûnderten jonge minsken meisongen. It is feest!

‘Doelleazen’ hie mear as tsien jier lyn in hiel oare betsjutting. Sûnder doel. Libje sûnder doel. De jongelju geane mei mar ien doel nei de tinte: in moaie jûn hawwe. It publyk is dêrom hjoed-de-dei grif net doelleas. Se geane foar Frysk, muzyk en gesellichheid!

Ik kin wol hiel wat oare, en dan echte doelleazen opneame. Minsken dy’t de lêste tiid yn it nijs wiene en dêr’t de polityk him drok or makket. It giet hiel faak oer de jeugd fan tsjintwurdich. Tritigers soene harren libben muoisum op ’e regel krije kinne en faak let oan bern begjinne en fan de iene baan yn de oare rûgelje. Tweintigers dêrfoaroer wenje langer by harren âlden, hawwe pas let in fêste baan en binne net sa fan fêste relaasjes. Dy tweintigers en tritigers sitte ek noch wolris wat ûnbehouwen minsken mei miskien wol doelleas hâlden en dragen tusken. De fraach is foaral oft dat ek echt sa is.

As men nei de jeugd fan no sjocht en dat ôfset tsjin dy fan fjirtich jier ferlyn, dan is it goed te sjen dat de ferwachtingen hiel oars binne. Mei de ferantwurdlikheden leit it ek oars. Nei harren stúdzje of skoaloplieding sykje de jongelju in baan. Meastentiids wurdt tocht dat se safolle ferstjinje dat se fuortdaliks in libben hawwe kinne sa’t harren omjouwing en harren âlden dat hawwe. In auto, in hûs, en alles derop en deroan. De werklikheid is oars. Mei studearjen binne se pas fier yn de tweintich echt klear en dan moatte se oan ’e gong en sitte ûnderwilens oantangele mei in stúdzjeskuld. Oan alle kanten wurdt der oan harren lutsen om harren ferantwurdlikheid te nimmen. En dan binne der ek noch in protte ferliedingen. Klean, djoere telefoanen om yn kontakt te bliuwen mei freonen, in duorsume auto, fakânsjes en reizgje oer de wrâld, it moat allegearre noch efkes foardat it libben mei de echte ferantwurdlikheid komt. Dat wurdt mar útsteld en útsteld. De wrâld is de lêste fjirtich jier grutter en grutter wurden en dat sjogge dy jongelju ek. Wat hawwe se in breed byld fan de wrâld. Safolle lytser en dêrtroch beheinder wie it fjirtich jier ferlyn. Dan mei in jûntsje doelleas wêze bêst in kear!

foto: Hielke Boorsma, Bûtenpost

 

juny 1, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.