iTunes ferdwynt, dit binne de opfolgers

juny 4, 2019 10:52

Wa’t in kompjûter, in bûstelefoan of in mp3-spiler fan Apple hat, kin muzyk beharkje mei de tapassing iTunes. Dat is al omtrint tweintich jier sa. Apple hâldt lykwols op mei iTunes. Opfolgers binne op kommendewei.

Benammen de iPod, bekend fan ‘e wite eardopkes, hat fan iTunes in sukses makke. De tapassing wie in ienfâldige manier om mp3-bestannen ôf te spyljen en oarder te bringen yn in grutte kolleksje digitaal opsleine ferskes. Op alle Apple-apparaten stie iTunes standert ynstallearre.

Troch iTunes wie it foar it earst maklik om in soad ferskes byinoar op te slaan en se te behearen. Dat hie net inkeld goede kanten. Mei de populariteit fan iTunes kaam it yllegaal downloaden fan muzyk ek op, ta argewaasje fan ‘e muzykyndustry. De iTunes Store, dêr’t minsken maklik ferskes as mp3-bestân downloade koene, loste dat probleem foar in part op. Der ûntstie noch wol in striid mei de platebazen oer de priis: Apple woe net mear as in euro rekkenje, wylst in cd-singeltsje seis of sân kear sa djoer wie.

No hat iTunes syn tiid útsitten. Mei it opkommen fan fluch ynternet op ‘e snoadfoan hawwe streamingtsjinsten lykas Spotify de rol as leverder fan muzyk foar ûnderweis oernommen.

Yn ‘e Feriene Steaten is Apple Music wilens de wichtichste streamingtsjinst, wylst yn Europa Spotify foar master opslacht. Apple is fan betinken dat it omtinken útgean moat nei ûntwikkeling fan dy tsjinst. Dêrfoar komme der trije nije apps: ien foar muzyk, ien foar podcasts en ien foar telefyzje. ITunes bliuwt ynearsten wol beskikber foar kompjûters mei Windows as bestjoeringssysteem.

juny 4, 2019 10:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.