It wûnder fan Le Petit Prince

juny 3, 2019 09:38

Nei de Bibel is Le Petit Prince fan Antoine de Saint-Exupéry it meast oersette boek op ’e wrâld. Der binne ûnderwilens ferzjes yn mear as 375 talen. Jacobus Q. Smink sette it boek oer yn it Frysk: De Lytse Prins; útjûn yn 1998 troch de Koperative Utjowerij. Wêrom kieze minsken wrâldwiid just dit boek om harren bedrige talen en kultueren yn libben te hâlden?

Foto: NTR

Yn Het Uur van de Wolf: ‘Het wonder van Le Petit Prince’ reizget regisseur Marjoleine Boonstra de wrâld oer en moetet se fjouwer pasjonearre oersetters fan it boek, portrettearre yn prachtige lânskippen. Hja hawwe it lytse masterwurk oer freonskip, leafde en respekt omset yn Tamazight (Noard-Afrika), Sámi (noarden fan Finlân), Nawat (El Salvador) en Tibetaansk stik foar stik bedrige talen.

De oersetters koesterje in oprjochte en emosjonele bân mei it boek, dat harren helpt yn de striid om harren taal en kultuer te behâlden. Hja fertelle hoe’t de observaasjes fan it bûtenierdske prinske op ierde yn harren kultuer lêzen en ynterpretearre wurde. Yn de oerweldigjende snieflakten fan Noard-Skandinavië ferhellet de Sámi-oersetster oer de treast dy’t it boek har bea nei in dramatysk barren yn har jeugd, en hoe’t se krêft helle út har memmetaal. En fansels giet it ek oer linguïstyske problemen: hoe sette je ‘wetterkraan’ oer as dêr yn jo wrâld gjin wurd foar bestiet?

Ut dy orizjinele ynfalshoeke wei wurde yn in dreamerige, kalme sinematogray persoanlike ferhalen ferteld, soms krekt sa bizar as pynlik as de belibbenissen fan de prins. Boonstra wiist mei dit mankelike fjouwerlûk op it belang fan in memmetaal en lit sjen hoe befrijend de krêft fan de ferbylding wêze kin.

Regisseur: Marjoleine Boonstra
Produsint: Pieter van Huystee Film

Utstjoering: tongersdei 27 juny 2019, 23.00 oere by de NTR op NPO 2.

juny 3, 2019 09:38
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.