It Ryk kommunisearret yn it Frysk

juny 9, 2019 22:53

Wat op de side fan It Nijs o sa gewoan is, is tige bysûnder foar de webside fan it Ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes: in Fryske tekst. De beneaming fan Sybrand van Haersma Buma ta boargemaster fan Ljouwert wurdt dêr no twatalich op buorkundich makke. De Frysktalige oankundiging is hjirûnder oernaam.

Beneaming boargemaster Ljouwert

De hear mr. S. (Sybrand) van Haersma Buma wurdt de nije boargemaster fan Ljouwert. De ministerrie hat op útstel fan minister Ollongren fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes besletten him foar te dragen foar beneaming.
De beneaming giet yn op 26 augustus 2019.

De hear Van Haersma Buma (53 jier) is lid fan it CDA. Hy wie oant 29 maaie 2019 lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal, foarsitter fan de CDA-Twadde Keamerfraksje en polityk lieder fan it CDA.

De hear Van Haersma Buma folget de hear drs. F.J.M. (Ferd) Crone (PvdA) op.

juny 9, 2019 22:53
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Johannes Rozenga juny 11, 13:36

    It mei wol yn ‘e krante, seinen wy eartiids.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.