It Ryk is wat al te optein oer syn eigen taalbelied

juny 24, 2019 22:40

Troch Henk Wolf

De Nederlânske Ryksoerheid is net fan doel om folle hurder te wurkjen foar de lytse talen lykas it Frysk. Dat is rûchwei it boadskip fan it ferslach dat it Ministearje fan Binnenlânske Saken dizze wike skreaun hat fan it eigen taalbelied. Omdat de Nederlânske oerheid it Europeesk Hânfêst foar regionale talen en talen fan minderheden ûnderskreaun hat, moat it ministearje om ’e pear jier sa’n ferslach by de Ried fan Europa ynleverje.

Yn it ferslach giet it ministearje foaral yn op kommentaar en oanrekommandaasjes fan oaren oangeande it neikommen fan de ferplichtingen dy’t Nederlân op him naam hat troch it Hânfêst te ûnderskriuwen. Dy oaren binne it eigen advysorgaan Dingtiid, it Komitee fan ministers fan de Ried fan Europa en de saakkundigen dy’t yn opdracht fan de Ried fan Europa ûndersyk dien ha nei it plak fan lytse talen yn Nederlân. Opfallend is dat de Ryksoerheid de ferantwurdlikheid foar it taalbelied by legere oerheden lykas provinsjes en gemeenten leit, omdat dy de situaasje better kenne. Fierder falt op dat de Ryksoerheid op krityk dat er te min docht, antwurdet dat er dat sels oars sjocht. Dat wie yn it ferline net oars.

Frysk ûnderwiis

Lykas oare kearen krige de Nederlânske oerheid in soad krityk op it ûnderwiisbelied. Sa skriuwt it Komitee fan ministers: “De Nederlandse overheid dient het Friese onderwijs en het onderwijs in het Fries op alle niveaus te versterken met als doel de geletterdheid in de taal te bevorderen.” De reaksje fan it Ryk is dat it mei de provinsje in bestjoersôfspraak makke hat om it oanpart Fryskpraters de kommende alve jier mei tsien persint te ferheegjen. Foar it oanpart minsken dy’t Frysk lêze en skriuwe kinne, jildt itselde. Der stiet allinnich net by hoe’t dat dan moatte soe.

En it kin net sûnder dat de Ryksoerheid dat docht, want de provinsje mei dan wol de doelen foar it fak Frysk fêststelle en op allegear manieren it ûnderwiis stimulearje, bydrage oan de ûntwikkeling fan materiaal en de oplieding fan learkrêften, mar wy ha sjoen dat in flink persintaazje fan ’e skoallen gjin ambysjes hat foar it Frysk. Gjin. Dy skoallen wolle net. En as de ûnderwiisynspeksje dêr neat tsjin docht, geane dy skoallen simpelwei troch mei wat se net dogge. De ynspeksje docht dat net, dat hat ynspekteur-generaal Monique Vogelzang mear as dúdlik makke by de presintaasje fan it ûndersyk dat Albert Walsweer en Nynke Anna Varkevisser útfierd ha nei it plak fan it Frysk op skoallen.

De groep saakkundigen fan de Ried fan Europa skriuwt dat de kearndoelen foar it fak Frysk net ambisjeus genôch binne. Dy kearndoelen binne noch fêststeld ûnder ferantwurdlikheid fan it Ryk en se foarmje in slim ynhâldlike ferleging neffens de doelen dy’t dêrfoar steld waarden en dy’t hast lyk wienen oan dy foar it Nederlânsk. It Ministearje giet net op de krityk yn en jout allinne oan wêr’t de doelen yn de wet steane.

Mear oer it Frysk

De saakkundigen jouwe ek as krityk dat der te min twatalige berne-opfang is. Dêr wol it Ministearje de selskeazen ferantwurdlikheid ek net nimme. It skriuwt dat berne-opfang meastentiids kommersjeel is en dat de oerheid him net bemuoie kin mei de taal. Tagelyk skriuwt de oerheid wol dat folslein Frysktalige berne-opfang net mooglik is, omdat de wet soks ferbiedt. Wat dat oangiet is de praktyk soms Frysker as dat se op it Ministearje blykber witte. Dat de oerheid troch taalwetjouwing doch al yngrypt yn de autonomy fan berne-opfangplakken en dêr it Frysk ûnder beflappe kinne soe, wurdt net op yngongen.

Nederlân krijt ek al salang as it Hânfêst ratifisearre is, krityk op it mediabelied foar it Frysk. Dat jildt no ek wer. De saakkundigen fan de Ried fan Europa ha noed oer de sinteraasje fan Omrop Fryslân, om’t besunigingen it meitsjen fan it folweardich Frysktalich oanbod yn gefaar bringe. It Ministearje skriuwt dat op alle regionale omroppen besunige is en dus ek op Omrop Fryslân.

Oare talen

Wat oare talen oanbelanget: foar it Nedersaksysk krijt Nederlân de oanrekommandaasje om it gebrûk fan dy streektaal yn de media, it bedriuwslibben en de soarch op in strukturearde manier te stypjen. De reaksje is: “De ambitie is om langetermijnlijnen uit te zetten voor het Nedersaksisch op het gebied van bijvoorbeeld onderwijs. Op de korte termijn is het doel gezamenlijk de vele initiatieven op het gebied van het Nedersaksisch beter zichtbaar te maken en zo ook de algemene zichtbaarheid van de taal in het gehele taalgebied.” It Ministearje beart fierder o sa fan it konvenant foar it Nedersaksysk, mar dêr stiet neat konkreets yn.

De Europeeske ministers wolle graach dat Nederlân it Nedersaksysk en Limburchs opwurdearret ta reguliere skoalfakken, mar it Ministearje skriuwt dat soks net by it Nederlânske ûnderwiisbelied past. It seit dat skoallen no al de mooglikheid ha om, as se dat wolle, wat oan de streektaal te dwaan. Dat learlingen dus gjin les yn de eigen taal krije as in skoaldireksje der neat foar fielt, giet it Ministearje net op yn.

Foar it Jiddysk en Romanes is it Ryk fan betinken dat it al genôch docht. It skriuwt fierder dat it net fan doel is en erken de talen Papiamintsk, Biltsk en Nederlânske Gebeartetaal as Hânfêsttalen.

Skop nei

It ferslach falt net allinnich op troch de definsive en dizenige ynhâld, mar ek troch de manier fan skriuwen. It is in seldsum gaoatysk stik, mei tusken reaksjes op kommentaar samar ynienen ferslachjes fan stúdzjedagen, yn skoalkrantsjestyl gronologysk opskreaun, en samar wat sifers oer de behearsking fan it Frysk. Troch brike sinnen en in ûntheisterjend grut tal staveringsflaters is it stik nammers min te lêzen. It sit fierder fol mei klongelichheden, lykas it ferwizen nei in wetsartikel (artikel 1.55 lid 1) sûnder derby te setten yn hokker wet oft dat kêst stiet.

Fierder pronket it Ministearje o sa mei de fearren fan oaren. It measte wat goedgiet, oft dat no ûndersyk fan in Fryske hegeskoalle, Jiddyske les op in Joadske skoalle of in Limburchsk festival is, is de fertsjinste fan in oar as de Ryksoerheid.

It ferslach fan it Ministearje is te besetten troch op dizze link te klikken.

juny 24, 2019 22:40
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe juny 24, 22:53

    Moai ferslach, Henk. En wa lit de minister hjir mei weikomme? Krekt. De provinsje.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.