Iepening projekt ‘Sjoch ris mei oare eagen’ op 12 juny

juny 9, 2019 09:15

Fryske Miljeu Federaasje, Kening fan ’e Greide en Natuermonuminten lansearje op woansdei 12 juny in bysûnder projekt: ‘Sjoch ris mei oare eagen’. De iepening is yn de fûgelkykhutte fan Skrins. Mei it projekt wolle de inisjatyfnimmers omtinken freegje foar it belang fan it bysûndere Fryske greidelânskip. Deputearre fan de provinsje, Johannes Kramer, sil de iepening fan it projekt ferrjochtsje.

Foto: Kening fan ’e Greide

Yn ’e hutte komt men yn ’e kunde mei ferskate personaazjes dy’t it omlizzende lânskip út harren perspektyf wei besjogge. In fytsrûte nimt jin fierder mei it lânskip yn. Lykwols, de fytser stapt no mei in fernijde blik op ’e fyts.

De fytsrûte begjint en einiget yn Snits en nimt besikers mei de Greidhoeke yn, it gebiet tusken de stêden Ljouwert, Snits, Boalswert en Frjentsjer. De organisaasjes sille dêrnei nije fytsrûtes en nije personaazjes ûntwikkelje om sa de stêden om de Greidhoeke hinne te ferbinen mei ferhalen en perspektiven fan it bûtengebiet. Foar toeristen is it in unike manier om it lânskip te ûntdekken.

‘Kijk eens met andere ogen’ is in projekt fan de Fryske Miljeu Federaasje, mei stipe fan Provinsje Fryslân, Kening fan ’e Greide, Natuermonuminten en Promoasje Greidhoeke.

juny 9, 2019 09:15
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. - juny 10, 09:41

    Fûgelgnúfhutte

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.