Het Uur van de Wolf: De kleur fan Blue Note

juny 23, 2019 09:02 Fernijd

Blue Note Records stiet bekend om syn eksperiminteardriuw. Al tachtich jier jout it romte oan grutte fernijers yn de jazz: Thelonious Monk, Miles Davis, Art Blakey, John Coltrane en in protte oaren.
De dokumintêre De kleur van Blue Note dy’t op 11 july útstjoerd wurdt, dûkt yn de bysûndere skiednis fan it platelabel, dat yn 1939 yn New York oprjochte waard troch twa Joadsk-Dútske ymmigranten.

Foto: NTR

Ut harren passy foar de jazz wei sykje se gearwurking mei Afro-Amerikaanske muzikanten en moedigje se harren oan om nije muzyk te komponearjen. Tsjin de ferwachting yn slagje se deryn om in sterk platfoarm op te rjochtsjen dêr’t grinsferlizzend talint him yn frijheid, fan de kommersje wei, ûntwikkelje kin.

Besjoch hjir in foarfilmke.

Reade tried yn de film is de opname fan in nij album dêr’t jazz-giganten as Herbie Hancock en Wayne Shorter op spylje mei jongere muzikanten, wêrûnder Robert Glasper en Ambrose Akinmusire. Oanfoljend wurdt de skiednis fan Blue Note ferteld oan ’e hân fan argyfbylden fan live-optredens en ynkringende swart-wytfoto’s fan opnamesesjes. En der binne fraachpetearen mei de ferneamde lûdstechnikus Rudy van Gelder en de bekende produsint Don Was (tsjintwurdich direkteur fan it label).

Blue Note Records produsearre yn syn lange skiednis goed tûzen albums. Noch hieltyd wit it nije generaasjes oan him te ferbinen, yn ferskate muzyksjenres lykas hiphop. Dêrmei bliuwt it in wichtich en populêr label foar enerzjike en revolusjonêre fernijers yn de muzyk.

Regisseur: Sophie Huber
Produsint: Mira Film
Orizjinele titel: Blue Note Records – Beyond the notes

Utstjoering: tongersdei 11 july, om 22.45 oere by de NTR op NPO 2

juny 23, 2019 09:02 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.