Gjin frachtweinheffing autodyk Ljouwert-Harns

juny 27, 2019 08:22

Frachtweinen hoege fan 2023 ôf gjin heffing te beteljen foar ritten oer de A31 tusken Ljouwert en Harns. Dat is de útkomst fan de mienskiplike lobby fan de provinsje Fryslân en de gemeenten. Dêr wurdt met tefoaren kommen dat deis fjouwerhûndert ekstra frachtweinen de N359 tusken Boalsert en Ljouwert nimme.

It lânsregear wol yn 2023 op alle autodiken (A-wegen) in frachtweinheffing ynfiere. Dat is in ekstra heffing foar alle binnen- en bûtenlânske frachtweinen oer it tal kilometers dat se op autodiken ride. De provinsjale en gemeentlike weibehearders sieten deroer yn dat sjauffeurs in sa goedkeap mooglike rûte sykje soene en dêrtroch mear oer de provinsjale en gemeentlike diken ride soene, mei kâns op oerlêst en mear ferkearsûnfeilichheid.

By de ynfiering fan de frachtweinheffing op de A31 tusken Ljouwert en Harns soe it tal frachtweinen op de N359 tusken Boalsert en Ljouwert mei 400 deis omheech gean. Omdat trochgeand frachtferkear safolle mooglik op de autodiken thúsheart en de A31 net paste by de stelde ramten fan it ministearje, setten de provinsje Fryslân en gemeenten in lobby yn om de A31 net yn it netwurk op te nimmen.

De provinsjale en gemeentlike diken yn Fryslân bliuwe frij fan frachtweinheffing, mar de A6, A7 en A32 falle der wol ûnder. Dy diken liede neffens berekkeningen net ta ekstra slûpferkear op it ûnderlizzende wegenet.

juny 27, 2019 08:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.