Gelikense rjochten yn ’e Waadhoeke

juny 17, 2019 10:54

Ynstjoerd

Gelikense rjochten yn ’e Waadhoeke

Tongersdeitejûn wie it safier: it brief fan Elzinga mei de fraach om gelikense rjochten oangeande it brûken fan de eigen plaknamme – yn syn gefal Frjentsjer – waard behannele yn de ried fan de gemeente Waadhoeke. Hoewol’t wy as wurkgroep net faak ynsprekke, haw ik dêr krekt oan it wurd west oer de wet Arhi, de algemene regeling herindeling. Dy wet soarget derfoar dat alle ynwenners yn in fúzjegemeente deselde rjochten en plichten krije.

Neffens ús en in soad deskundigen heart de gemeente it ferskaat yn oanpak fan de plaknammen op basis fan de wet Arhi te harmonisearjen. Tongersdei woe de ried de nammen yn it eardere Frjentsjerteradiel en It Bilt dochs mar Nederlânsktalich litte, wylst de nammen yn it eardere Menameradiel en Littenseradiel by riedsbeslút offisjeel yn it Frysk fêststeld binne. En dan hawwe wy it benammen oer it offisjeel brûken fan sokke plaknammen binnen de Nederlânsktalige kontekst. Yn de Nederlânsktalige briefwiksel mei de oerheden en by in notaris bygelyks.

Goed, de ried hat besletten om mar net te harmonisearjen. Wy spylje no ienris allegearre ús eigen wedstriid. Mei dy heldere útspraak fan de ried kin Elzinga nei de bestjoersrjochter en wy sille him dêrby stypje mei alle kennis dy’t wy yn 25 jier sammele hawwe.

No hiene wy de saak ek foarlein oan de Feriening Nederlânske Gemeenten (VNG). Dy hat – foar de riedsgearkomste krekt te let – útlein dat sy ek fan betinken binne dat der yn dizze situaasje harmonisearre wurde moat. Soe de gemeente syn húswurk dochs wat minder goed dien hawwe? Wy binne fansels o sa bliid dat de deskundigen fan de VNG har ek by ús stânpunt oanslute en sille no mei in goed gefoel nei de bestjoersrjochter.

Cor Jousma
foar de Topografyske Wurkgroep Fryslân

juny 17, 2019 10:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.