Gefaarlike dyk Tsjom – Winsum

juny 21, 2019 19:29

Ynstjoerd

foto © Jehannes Elzinga

Al ferskate kearen binne der (hast of hielendal) ûngemakken bard op de Nijbuorsterwei tusken Tsjom en Winsum. Sa binne der auto’s en motors oer de kop flein en yn ’e sleat bedarre op dizze bochtige, smelle betondyk, dêr’t amper plak is foar ien auto. It wachtsjen is op it earste deadlike ûngelok. Los fan te hurd riden of alkohol, is de oarsaak gauris min ûnderhâld fan de dyk. Sa binne auto’s slipt trochdat op beskate plakken de dyk besiedde lei mei gravel. De bermen binne op plakken ek slim útsliten.

Der is al ferskate kearen klage by de gemeente Waadhoeke oer dizze gefaarlike situaasje. De gemeente is ferantwurdlik foar de feilichheid op de iepenbiere wei, mar hat oant no ta fersomme dizze dyk op te knappen. Yn alle gefal hie de gemeente op gefaarlike plakken gefaarsbuorden sette kinnen, mar dat is net bard.
De dyk wurdt brûkt troch swiere tractors en tankauto’s, dy’t amper op de smelle dyk passe en de bermen stikken ride. Temjitkommende auto’s en motors wurde dêrtroch de berm yn twongen en hawwe in grutte kâns om te slippen en oer de kop te fleanen.

It kin ek oars: de Lollumerdyk dêr flakby hat in klinkerrâne en is dêrtroch folle feiliger, benammen yn de bochten. Sa bliuwe de bermen heel.

Ik rop de gemeente Waadhoeke op om sa gau mooglik in ein te meitsjen oan dizze gefaarlike situaasje, foardat der slachtoffers falle!

Jehannes Elzinga
Frjentsjer

juny 21, 2019 19:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.