Galery Bax Kunst biedt poadium oan keunstners Wil Lof en Marinus Klap

juny 12, 2019 08:53

Fan 1 juny oant en mei 13 july is der yn Snits in eksposysje te bewûnderjen, dêr’t gâns fan te ferwachtsjen is. De ferneamde en ynternasjonaal operearjende keunstners Wil Lof en Marinus Klap binne te gast by Bax Kunst. Klap eksposearre mei syn bylden alris earder yn ’e Galery. Foar keunstneres Wil Lof is it de earste kear.

‘Mystery’ fan Wil Lof (foto: Bax Kunst)

Skilderijen fan Wil Lof binne abstrakte komposysjes, dy’t troch harren figuraasje by in soad minsken emoasjes oproppe. Dat is ek de essinsje fan har driuwfear, hja leaut yn keunst as medium om gefoelens fan emoasje, oandwaning en mienskip op in oansprekkende en werkenbere manier op oaren oer te bringen.

Har figurative skilderijen, útfierd yn acryl op canvas, linnen of papier, litte abstrahearre frouljufigueren sjen, dy’t byinoar komme, byinoar binne, en wer harren eigen kant út geane. Soms binne de kleuren fûl en útsprutsen, soms ek dizich, en losse de figueren op yn de eftergrûn. Wil Lof is permanint fertsjintwurdige mei nij wurk by ferskate galeryen yn Nederlân, Dútslân, Grikelân, Yndia, Frankryk en Spanje.





Marinus Klap: ‘Figuur II’ (foto: Bax Kunst)

Marinus Klap (1944) studearre as tekenlearaar oan de ‘Rijksnormaalschool’ yn Amsterdam. Syn ferlet om sawol praktysk as kreatyf te wurkjen brocht Klap al gau oan it byldhouwen. Sawol yn brûns, natuerstien en polyester makket er bylden ynspirearre op de minsklike figuer, allinne of yn in groep.

Dêr redusearret er de foarmjouwing by ta in spul fan karakteristike linen en flakken, dy’t út alle gesichtspunten wei spannend en harmonieus binne. De sterke abstrahearre en stilearre foarmjouwing dy’t sa ûntstiet, docht hast tinken oan in tekening dy’t ta libben roppen is. Syn bylden wiene earder te sjen yn Nederlân, Switserlân, Spanje en Denemarken.

De eksposysje duorret oant en mei 13 july 2019.

Foar mear ynformaasje: www.baxkunst.nl.

juny 12, 2019 08:53
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.