Fryske dependânse Ryksuniversiteit Grins ferhuze nei âlde beursgebou

juny 22, 2019 09:28

De Fryske dependânse fan de Ryksuniversiteit Grins is ferhuze nei in nije lokaasje, nei it âlde beursgebou yn it sintrum fan Ljouwert. It gebou, dêr’t earder de Ljouwerter biblioteek fêstige wie, is yngreven renovearre en ferboud.

Foto: Wikipedia/Udo Ockema – lisinsje CC BY 3.0

De kommende wiken ferhúzje de meiwurkers en promovendi fan de universiteit nei it nije ûnderkommen. De studinten sille it nije kolleezjejier úteinsette yn de Beurs. Kampus Fryslân iepene yn septimber syn doarren en ferwachtet de kommende jierren in flinke groei oan studinten. Dit jier stean der 27 bachelorstudinten en 60 masterstudinten ynskreaun, de kommende jierren moatte dat der goed tûzen wurde.

De fakulteit rjochtet him op maatskiplike en ekonomyske tema’s dy’t relevant binne foar de regio. Op it stuit biedt de dependânse ien bacheloroplieding oan: global responsibility & leadership. Yn it lesprogramma wurde studinten oplaat om wrâldwide problemen oan te pakken mei help fan lokale oplossings. Der wurde ek fjouwer masteropliedings oanbean.

Nije opliedings
Dekaan Andrej Zwitter is derfan oertsjûge dat de universiteit gau mear studinten oanlûkt. Sterker noch, hy ferwachtet dat it earder in probleem wurdt dat de kampus te fluch groeit. “Wy wolle hiel graach groeie, mar net te fluch. Want dan komt de kwaliteit fan it ûnderwiis en it ûndersyk yn gefaar”, sei er tsjin Omrop Fryslân.

De fakulteit sil de kommende jierren ynvestearje yn nije opliedings. De universiteit wurket dêrfoar gear mei ûnder oare hegeskoalle NHL Stenden, mar ek mei oare partijen yn Fryslân. “De opliedings dy’t wy biede, moatte wol echt wat mei de regio te krijen ha”, seit Zwitter.

juny 22, 2019 09:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.