Frysk Oera Lindaboek mooglik ynspiraasje foar oanslach Keninginnedei 2009

juny 13, 2019 23:22

In side út it Oera Lindaboek (argyf Tresoar)

Yn 2009 ried Karst Tates mei syn Suzuki Swift yn op in kliber minsken yn Apeldoarn, dêr’t de keningsfamylje diel fan útmakke. Hja wiene yn it Feluwske plak om keninginnedei te fieren. Fan ‘e Oranjes rekke net ien ferwûne, mar de oanslach koste sân minsken it libben. No is buorkundich wurden dat de plysje doe mei heechlearaar Frysk Goffe Jensma praat hat, om’t it fermoeden bestie dat Tates syn ynspiraasje foar de oanslach helle hie út in geheimsinnich Frysktalich boek: it Oera Lindaboek.

“It wie hiel apart”, seit Jensma tsjin Omrop Fryslân. “Wêrom belje se my, frege ik my ôf?” Jensma is perfester Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins en hy hat wiidweidich stúdzje makke fan it Oera Lindaboek. Dat is in boek dat giet oer de skiednis fan in famylje Oera Linda. It giet tûzenen jierren tebek yn ‘e tiid. It boek dûkte yn 1867 op. De skriuwer wie ûnbekend en om’t it skreaun wie yn midsieusk Aldfrysk en boppedat yn runetekens, waard oannommen dat it in midsieusk hânskrift wie. Al gau die lykwols bliken dat de runetekens net echt wiene en oft it Frysk wol echt sa âld wie of mar sabeare, wie ek in fraach dy’t al gau steld waard.

Jensma seit: “It is it bysûnderste boek út de Fryske literatuerskiednis. It hat sa’n soad diskusje losmakke oer de fraach oft it echt is of net.” Hy wiist derop dat it boek populêr wurden is by nazys en nei de oarloch by oare ekstreemrjochtse groepen, dy’t derfan útgeane dat it boek it bewiis is fan in hiele âlde Fryske beskaving. It is boppedat maklik om de tekst nei eigen winsken te ynterpretearjen. Jensma: “It boek is hiel lestich te lêzen. Sa is dat ek bedoeld. Je reitsje hiel maklik it spoar bjuster yn it boek. Foar guon minsken kin dat hiel noflik wêze, om’t it wjerspegelet fan wat der yn harren hollen ek omspilet.”

Jensma wiist der foarsichtich op dat parten fan it Oera Lindaboek as oprop ta geweld lêzen wurde kinne. Tates hie wol ynformaasje oer it boek, mar neffens Jensma moat men dêr net te fluch konklúzjes út lûke. Hy seit: “De klam moat wol lizze op it wurd ‘mooglik’, want it is net sa maklik om te bewizen dat it boek Karst Tates ta syn die ynspirearre hat.”

It Oera Lindaboek is digitaal te besjen fia dizze link.

juny 13, 2019 23:22
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. L juny 14, 15:57

    Bestiet der gjin oersetting fan?

  2. Martinus Jellema toskedokter ekspert yn it oanhearen fan klanken (en pine) juny 14, 16:21

    Ach ja. Sa is molke de oarsaak fan it drugsgebrûk. 100 % fan de druggebrûkers hawwe molke dronken.

  3. Jan juny 15, 07:49

    Misschien was het wel de 2006 editie van Goffe Jensma en geloofde Tates juist NIET in de echtheid. Dit is een sensatieverhaal: speculatief en suggestief. Prima dat Jensma het Iepenloftspul promoot, maar de term “extreemrechts” wordt tegenwoordig wel heel makkelijk gebruikt.

  4. Hans JW juny 15, 18:08

    Goffe Jansma wol wer efkes yn it nijs. It waard ek tiid, tink. No ja gun him dat?!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.