Frysk Museum krijt 17de-iuwske glês-yn-lead ruten

juny 25, 2019 08:41 Fernijd

Tanksij in skinking hat it Frysk Museum twa glês-yn-lead ruten oan syn kolleksje tafoege. De 17de-iuwske ruten komme út Wiarda State yn Goutum. Op de ruten binne de nammen en famyljewapens fan Bauck fan Eminga en Aelcke fan Galama te sjen. De ruten binne noch oant en mei 15 septimber te sjen yn de tentoanstelling Verzameld werk: de rijke collectie van Friesland.

Foto: Fabian Samidjono

Iuwenlang hawwe op Wiarda State wichtige Fryske famyljes wenne. Yn 1882 waard it lânhûs ôfbrutsen en yn ’e rin fan ’e tiid hawwe de neikommelingen fan de lêste bewenners by stikken en bytsjes de ynboel oan it museum skonken. Underdielen fan it gebouw binne ferspraat rekke en fjouwer glês-yn-lead ruten binne yn Delft te lâne kommen. Twa dêrfan binne no oan it Frysk Museum skonken.

Flaterke
Foardat it hûs ôfbrutsen waard, waard it hûs fêstlein troch tekener Albert Martin. De ruten binne ek oant yn detail neitekene. Dêr is op te sjen dat de famyljewapens omdraaid binne. De tekener hie trouwens gelyk: doe’t de ruten by de sloop fan Wiarda State skansearre rekken, binne se restaurearre en waarden de wapens by fersin ferwiksele.

Seldsume beker
Yn it lânhûs hongen ek glês-yn-lead ruten mei dêrop Frans fan Eminga en Feyo fan Aylva, de oare helten fan Bauck en Aelcke. Frans fan Eminga is gjin ûnbekende fan it museum. Syn namme stiet ek op de seldsume glêzen beker út 1599, dy’t it museum net sa lang lyn fan de Ottema-Kingma Stichting yn brûklien krige. Yn de beker binne 22 nammen fan Fryske eallju gravearre. Nei alle gedachten waard de beker brûkt om op de ferloving fan Tjerck fan Heerma en Lucia fan Walta te toasten. Sawol de ruten as de beker binne te sjen yn de útstalling Verzameld werk.

De útstalling ‘Verzameld werk’ wurdt mei mooglik makke troch Vereniging Rembrandt, it Mondriaan Fonds, de BankGiro Loterij, de Ottema-Kingma Stichting, de Wassenbergh-Clarijs-Fontein Stichting en de Vrienden van het Fries Museum.

juny 25, 2019 08:41 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.