Friezen wenje krap, mar hawwe in grutte tún

juny 18, 2019 10:08

Sûnt de fyftiger jierren wurde yn Nederlân de huzen hieltyd grutter en de tunen lytser. It oerflak fan de perselen fan tuskenwenningen is yn dy tiid yn trochsneed mei krapoan tritich persint sakke, wylst de romte om te wenjen mei goed tweintich persint tanommen is. Fan alle provinsjes binne de perselen yn Súd-Hollân it krapst. Yn Fryslân binne de hiemen dêrfoaroer noch betreklik royaal.

Dy konklúzjes binne te lûken út ûndersyk fan Regiocontainer.nl, dat 56.500 wenningen dy’t te keap en te hier stiene by grutte fêstgoedmaatskippijen analysearre.  Om de tsien jier blykt it perseeloerflak fan tuskenwenningen mei 5,6% lytser wurden te wêzen. It slimst wie dat fan 1950 oant 1970 (11,3%). It wenoerflak fan dy huzen is yn dy tiid yn grutte tanommen mei 21,1%. De tunen binne dêrtroch geandewei lytser wurden. Sûnt 2010 binne tuskenwenningen krekt wer lytser( 7%) as yn de tsien jier dêrfoar.

Yn Fryslân lizze de útkomsten oars. Yn trochsneed binne de tuskenwenningen dêr it lytst fan hiel Nederlân, mar de perselen dêr’t se op steane binne nei ferhâlding krekt grutter, sadat der mear romte is foar tunen.

Alle resultaten fan it ûndersyk binne te sjen op onderzoekspagina van Regiocontainer.nl.

 

juny 18, 2019 10:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.