Friezen pikke it net mear

juny 15, 2019 11:39

Nei fjirtich jier ûnderwiis binne de measte Friezen noch altyd analfabeet yn de eigen taal. Sy reitsje it betrouwen yn de bestjoersoerienkomsten kwyt. Papier is geduldich. Oanlieding foar de Fêste Keamerkommisje Ynlânske Saken om op 26 juny mei mefrou Kajsa Ollongren, de ferantwurdlike minister, yn petear te gean.

Troch Pier Bergsma, Piter Dijkstra, Aant Mulder

Fryslân is de iennichste twatalige provinsje fan ús lân. Dat soe men net sizze as men der trochhinne reizget. Us twadde rykstaal, it Frysk, is amper sichtber. It Frysk heart sûnder beheiningen brûkt wurde te kinnen en it heart boppedat yn Fryslân op deselde wize as it Nederlânsk yn it ûnderwiis opnommen te wurden. Dat is net sa. Krekt oarsom, op in protte skoallen komt it Frysk net of mar skraachoan oan ’e oarder. Yn it nije provinsjale plan oer de te heljen einresultaten yn 2030 wat it ûnderwiis yn it Frysk oanbelanget ‘It is mei sizzen net te dwaan’, binne te min garânsjes ynboud. De Provinsje likegoed as it Ryk binne beide ferantwurdlik foar it ynstânhâlden en befoarderjen fan it Frysk. Dat dogge se troch reguliere bestjoersôfspraken.

De lêste ‘Bestjoersôfspraak Fryske taal en Kultuer’ fan Ryk en Provinsje waard op freed 30 novimber 2018 yn Ljouwert tekene troch Arno Brok, de kommissaris fan de Kening yn Fryslân en de minister fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes, Kajsa Ollongren. Lykas yn de eardere bestjoersôfspraken wurde no ek wer te min konkrete doelen steld. Dêr komt noch by dat yn it ferline dy doelen nea helle waarden. In kommisje fan de Ried fan Europa komt nei elke perioade fan trije jier ta dyselde konklúzje. Papier is geduldich.

De Ried fan de Fryske Beweging hat foarútrinnend op de lêste bestjoersôfspraak, BFTK 2019-20123, in krityske Skaad-BFTK skreaun. De Ried hie hope dat dy krityske reaksje fan positive ynfloed wêze soe op de offisjele BFTK. It die bliken dat dat net sa wie.

Nei dy teloarstelling hat de Ried mei in petysje oan de Twadde Keamer dúdlik makke dat de nijste bestjoersôfspraak net tarikkend is en dat it Frysk net allinne de ferantwurdlikens fan de provinsje Fryslân is, mar ek dy fan it Ryk. De petysje waard op tiisdei 18 desimber oanbean oan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes. De reaksje fan de minister wie nei de miening fan de Keamerkommisje en de Ried ûnfoldwaande. It ien en oar hat derta laat dat der opnij oerlis komt. Dat Algemien Oerlis tusken Keamerkommisje en minister wurdt holden op woansdei 26 juny. Dat petear fan de Fêste Keamerkommisje Ynlânske Saken mei de minister begjint om 11.00 oere.

Dyselde deis biedt de Aksjegroep Sis Tsiis yn ’e mande mei de Ried fan de Fryske Beweging om 10.30 oere opnij in petysje oan. Bûtendoar wurdt foardat it offisjele part begjint troch aksjegroep Sis Tsiis, de Ried en de FFU (Feriening Frysk Underwiis) op boartlike wize omtinken frege foar it systematysk efterstellen fan de Fryske taal. Sa lit Tsiis Tsiis sjen hoe’t de sichtberens fan it Frysk befoardere wurde kin.

juny 15, 2019 11:39
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga juny 16, 12:45

    Friezen pikke it net mear. “Pikke” is yn dit ferbân, fyn ik in hollanisme en stiet net yn ‘t Frysk Hânwurdboek. It soe wêze moatte: “Friezen nimme it net mear.”
    Fierders op 26 juny in soad wille yn ‘e twadde keamer en sukses mei de aksje.

  2. Lútsen juny 16, 15:17

    @Rosenga: Bliid dat in oar der ek ris wat fan seit, en net dy jittikmiger fan ûnderskreaune. Weitsje oer ús taal dogge we mei-inoar, en ‘hân yn eigen boezem’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.