Friezen nei De Haach: protest tsjin efterstelling

juny 20, 2019 08:57

Woansdei 26 juny 10.00 oere yn it Twadde Keamergebou.

It Binnenhof (foto: pixabay.com)

Op woansdei 26 juny om 10.30 biedt de BoargerAksjegroep ‘Sis Tsiis’ yn it ramt fan de troch de Ried fan de Fryske Beweging frege sichtberens fan it Frysk in petysje oan yn de foarm fan in ûntwerp foar in Frysk plysje-unifoarm. Foar it oanbieden fan de petysje en nei it oerlis fan de Fêste Keamerkommisje mei de minister sil bûten op boartlike wize omtinken frege wurde foar it systematysk efterstellen fan it Frysk.

Om 11.00 giet de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken yn petear mei de minister fan Ynlânske Saken, Kajsa Ollongren. Dat oerlis is in gefolch fan de teloarstellende Bestjoersôfspraak Fryske taal en Kultuer. It Frysk heart yn Fryslân deselde rjochten en plichten as it Nederlânsk te hawwen. It Frysk en it Nederlânsk moatte yn Fryslân op deselde wize brûkt wurde kinne. Dêr liket it net op.

De efterstân wurdt allinne mar grutter. In troch de Ried fan de Fryske Beweging opstelde alternative bestjoersôfspraak, in petysje oan de Fêste Keamerkommisje en fragen fan de Fêste Keamerkommisje fan Ynlânske Saken oan de minister ha laat ta it hâlden fan dit Algemien Oerlis op woansdei 26 juny o.s.

Friezen binne yn dat petear gjin partij, mar sille wol bûtendoar en yn it gebou fan de Twadde Keamer oanwêzich wêze.

Foar ynformaasje: De Ried fan de Fryske Beweging:
Pier Bergsma (pier_bergsma@hotmail.com)
0511 – 473008 / 06 – 11438445

Foar ynformaasje: Aksjegroep Sis Tsiis:
Piter Dykstra (piter@dykstra.frl)
06 – 13963855

juny 20, 2019 08:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.