Frâns Kuipers: Paradoksen

juny 15, 2019 20:00

Kollum

It libben sit fol mei paradoksen. Alle oeren fan de dei kin ik derfoar komme te stean. Moarns wekker wurde en dan tinke: ik bliuw noch efkes lizzen, it reint en neat sit my efter. Jûns haw ik folle mear lêst fan paradoksen: ik gean fierstente let op bêd, ik bin mei pensjoen, dus wat kin ’t skele? Sa hat in elk te krijen mei lytsere of gruttere ‘paradoksen’. Neat om oer yn te sitten of om fierder oer te skriuwen. Dat doch ik dan ek net.

Hiel oars is of wurdt it as wy nei in grutter gehiel sjogge. Bygelyks nei hoe’t wy – ik behein my ta it rike westen – de dagen, de wiken, de moannen, de jierren fan ús libben oan- en ynklaaie. Bestiet hâlden en dragen út safolle mooglik jild te fertsjinjen? In hûs te hieren of te keapjen of in nije of in twaddehâns auto? Sa faak mooglik mei fakânsje of ticht by hûs bliuwe? Dy rige is ûneinich lang te meitsjen. Sil ik it wol of sil ik it net, is in deistige paradoks mei soms grutte gefolgen. Mar dat is neat om oer yn te sitten, want it giet sa’t it giet. Dêr falt fierder ek neat oer te skriuwen.

Praktyk
Oars wurdt it as wy sjogge nei hoe’t ús doarpen, gemeenten, provinsjes, ús lân, ús mienskip derút komt te sjen. Dêr hawwe wy lokkich wol wat oer te sizzen, want wy kinne en meie no en dan nei de stimbus om foar politike partijen en harren froulju en manlju te kiezen. 25-45 jier tebek fielden kiezers gjin paradoksen; de measten stimden sa’t harren âlden stimden. De lêste tsien, fyftjin jier komme aloan mear minsken yn ’e knipe om in betroubere partij te kiezen. Op de middenpartijen stimme is net mear fanselssprekkend. Sjoch nei de opkomst fan Foarum foar Demokrasy, dy’t bûten de bewende paden rinne wol. Paradoks: nimmen wol mei FfD-politisy oparbeidzje.

CDA-foarman Buma, promovearre ta boargemaster fan Ljouwert, sei by Pauw: “De tijd van grote middenpartijen kunnen we vergeten!” It politike lânskip is kompleet fersplintere. Keamerfoarsitter Arib fynt dat in grutte winst. “Meer mensen en meer partijen krijgen de kans om mee te beslissen!” It is mar krekt hoe’t men der tsjinoan sjocht.

Fraach
Hast alle regearingen yn Europa, dus ek dy fan Nederlân, kamen nei de Twadde Wrâldoarloch – in bytsje koart troch de bocht – foar de paradoksale fraach te stean: kieze wy as regear, as lân, foar jild, foar it kapitaal of … kieze wy foar in lykwichtige sosjale ekonomy? De sintrale fraach is: “Steane wy as minsken yn tsjinst fan de ekonomy of stiet de ekonomy yn tsjinst fan de minsken?”, sa’t Kees Klomp fan it THRIVE Institute dat beskriuwt (FD 1 juny 2019). De Bibel – in ‘bibleteek fol paradoksen – leart dat men gjin twa masters tsjinje kin.

juny 15, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Ekoed juny 16, 21:39

    Frans……komkommertiid??

  2. Jabik juny 16, 21:47

    Brûkt Frâns hjir it begryp paradoks wol goed?

  3. Frâns Kuipers juny 17, 22:16

    In paradoks is in tsjinstridige útkomst fan twa op himsels logyske redenearingen. Jo komme dan klem te sitten en dochs moat in kar makke wurde.

  4. Frâns Kuipers juny 18, 00:05

    Hokker wurd soe de lading wol dekke?

  5. Klaas juny 19, 14:07

    Dilemma’s?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.