Fossyl yn edelstien blykt nije dinosauriër

juny 8, 2019 12:10

Wittenskippers berjochten ôfrûne wike yn it Journal of Vertebrate Paleontology dat in kleurryk fossyl dat yn Australië ûntdutsen waard, ôfkomstich blykt te wêzen fan in nije dinosauriërsoart, in plante-iter.

In mooglike stambeam fan de hadrosauriërs (ôfbylding: Wikipedia/Debivort – CC BY-SA 3.0)

It fossyl waard ûntdutsen by it plakje Lightning Ridge, dat goed 720 kilometer benoardwesten fan Sydney leit en ferneamd is om de fossilen dy’t dêr yn faak kleurrike opalen oantroffen wurde. De likernôch hûndert ferskillende bonken fan it fossyl hawwe in seldsume blaugrize kleur, mei glânzjende kleuraksinten fan de edelstien dêr’t se yn bewarre bleaun binne.

De nije fynst heart ta de soart Fostoria dhimbangunmal, in Igunaodon-eftige dinosauriër, dy’t likernôch hûndert miljoen jier lyn yn it Midden-Kryt libbe. It gebiet stie ûnder wetter en wie wielderich begroeid, wat betsjut dat it ideaal wie foar in plante-itende dinosauriër. It ûndersyk nei dinosauriërs út it tiidrek dat yn Lightning Ridge bleatlein is, is neffens de ûndersikers wichtich om’t de ierde doetiids waarmer wie as op hokker momint dan ek yn de ôfrûne 150 miljoen jier. De dinosauriërs libben yn in soart broeikaswrâld. De fossilen kinne fertelle hoe’t it de dinosauriërs fergie.

It fossyl wie al yn 1986 ûntdutsen troch Bob Foster, in opalesiker út Lightning Ridge. It fossyl, dat bestie út in steapel dinosauriërbonken, waard nei in museum yn Sydney oerbrocht. Foster besleat nei fyftjin jier syn brûklien wer op te easkjen. Hy gie werom nei Lightning Ridge, dêr’t syn famylje it fossyl úteinlik oan in pleatslik museum, it Australian Opal Centre, skonk. Dêr koene ûndersikers de fynst goed bestudearje.

Likernôch sechtich bonken binne nei alle gedachten ôfkomstich fan in folwoeksen eksimplaar mei in lingte fan hast fiif meter, wylst de oare bonken fan jonge eksimplaren fan ferskillende omfang ôfkomstich binne. Dat brocht ûndersykslieder Phil Bell ta de hypotese dat it gie om de rêsten fan in famyljegroep of in lyts keppel plante-itende dinosauriërs.

De Fostoria-dinosauriër wie likernôch like heech as in moderne oaljefant en rûn nei alle gedachten op ’e efterpoaten, hoewol’t wittenskippers tinke dat it bist him ek op alle fjouwer poaten ferpleatste. Dy dinosauriër iet wierskynlik primitive plantesoarten út it geslacht fan de hynstesturten en dêrneist apebeammen, dêr’t ek fossilen fan yn de regio fûn binne. De Fostoria is besibbe oan de Iguanodon en de Muttaburrasaurus. Hy is ek ien fan de iere leden fan de groep fan hadrosauriërs of einesnaffeldinosauriërs. De iere einesnaffeldinosauriërs foarmen de ‘oersop’ dêr’t letter talleaze dinosauriërs mei kamen en stikels út fuortkamen.

It útplúzjen fan it ferhaal fan de einesnaffeldinosauriërs is fan essisjeel belang foar it ynsjoch yn ekosystemen dêr’t dinosauriërs yn libben, benammen op de súdlike kontininten.

juny 8, 2019 12:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.