FNP wol provinsjale stipe kwaliteitsferbettering Frysk yn en op media

juny 14, 2019 19:21

De FNP wol dat der goed kwalifisearre sjoernalisten by de Omrop en oare media oan it wurk kinne, dy’t it Frysk goed yn ’e macht hawwe. Foar filmkes fan de Omrop en oare media is it fan belang dat it sykjen yn it Frysk op Google en oare sykmasines better wurdt. De Steatefraksje fan de FNP stelt skriftlike fragen oer dy en oare aktuele ûntjouwingen by de Omrop.  

Corlienke de Jong

Kwalifisearre sjoernalisten
Oanlieding foar de fragen fan FNP-wurdfierder Corlienke de Jong is in wurkbesite oan Omrop Fryslân. De FNP-fraksje fernaam dat it tige dreech is om goed kwalifisearre sjoernalisten te finen, dy’t de Fryske taal ek goed yn ’e macht hawwe. De Jong: “As der sa’n ferlet is, soene Deputearre Steaten de opliedingen foar sjoernalistyk oanfiterje kinne om modules Frysk sjoernalistyk skriuwen yn it lespakket op te nimmen. It Europeesk Hânfêst foar Regionale of Minderheidstalen yn Nederlân, dat de basis is foar de bestjoersôfspraken tusken Ryk en Provinsje, hat it ek oer in oplieding foar sjoernalisten yn dy regionale talen.”

Sykmasines
De FNP hat fierder it sinjaal krige dat de werkenning fan teksten yn it Frysk troch Google en oare sykmasines noch net optimaal is. Dêrom is Omrop Fryslân needsake om titels fan fideo’s op ynternet fan it Nederlânsk te foarsjen. Mar dat jildt fansels ek foar teksten en filmkes fan oare organisaasjes, bedriuwen en priveepersoanen. De fraach is wat DS dêroan dwaan kinne. De provinsje Fryslân is al in skoft yn it spier  mei Google, Microsoft en oare grutte partijen om de digitale helpmiddels foar it Frysk te ferbetterjen. De FNP wol witte wat de mooglikheden binne.

Programmearring
Ta beslút wol de FNP witte hoe’t in alsidige en folsleine programmearring by de Omrop boarge wurdt, no’t der plannen binne om reklame op de publike omroppen te ferbieden. Dat kin ommers te’n koste gean fan it budzjet om programma’s te meitsjen. De Jong: “Moaie programma’s fan de Omrop moatte net de dupe wurde fan beslútfoarming fan it Ryk.”

juny 14, 2019 19:21
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe juny 17, 13:21

    EN DEROM IS DE FNP DUS NET TE FERTROUWEN – DE FRYSKE TAAL, IT FRYSKE LANSKIP, ALLES MEI NEI DE KLOATEN SALANG’T ,,WY” MAR ,,MEIBESTJOERE”

    ,,Us” partij tinkt lykas it CDA (fansels) dat it in goed idee is om elke boer mei wat swart jild by steat te stellen it lânskip dat fan ús allegear is noch fierder te fernielen – dat mei er dwaan, dy boer, om’t nei syn ruilferkaveljen en syn beamkeseagjen en syn sleatsjeweimoezjen no wer syn kij tefolle skite of syn ierdappels te min dogge. En dat is sneu, en wynmûntsjes binne behalve freonlik foar de boereponge en de advysburoponge ek werklik hiel goed foar it miljeu hear. Wat in ôfgong. Wat in ferried. Eksit Corlienke de Jong, eksit Johannes Kramer – dan prate wy wer.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.