Fjoer fan ‘e plaknammestriid yn Waadhoeke lôget wer op

juny 8, 2019 21:18

Foto: Frije Fryske Grûn

De gemeente Waadhoeke moat alle plaknammebuorden op deselde manier staljaan. Dêr hat de FNP-fraksje yn ‘e gemeenterie foar pleite. De gemeente is in fúzje fan (parten fan) de gemeenten Littenseradiel, Menameradiel, it Bilt en Frjentsjerteradiel. Dy gemeenten giene ferskillend om mei de oarspronklike namme en de Nederlânske oersetting dêrfan. De FNP hat noed dat de Fryske en Biltske nammen oan ‘e krapperein komme.

De gemeente woe de buorde ynearsten litte sa’t se binne. Dat rôp ferset op fan aksjegroepen, lykas de Topografyske Wurkgroep Fryslân, de Jongfryske Mienskip en Frije Fryske Grûn. Dy lêste hat de Nederlânske oersettings fan ‘e plaknammen op in soad buorden yn de nacht fan freed op sneon oerplakt.

“Wêrom hawwe Frysktaligen yn de eardere gemeenten Menameradiel en Littenseradiel mear rjochten as de Frysktaligen en Biltsk- en Stedsktaligen út de eardere gemeenten Frjentsjerteradiel en It Bilt”, seit Pier Schuurstra fan Frije Fryske Grûn. “Lyk rjocht foar elk!”

De oare twa aksjegroepen wolle it fia de rjochter besykje, as de gemeente net om lyk wol. Hja wize derop dat it belied foar minderheidstalen yn fúzjegemeenten net minder ambisjeus wêze mei as yn de meast ambisjeuze fúzjepartner. Dat betsjut: de oarspronklike nammen offisjeel en gjin Hollânske oersettings op ‘e buorden.

Lês ek it ynstjoerde stik fan Frije Fryske Grûn: link.

juny 8, 2019 21:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.