Fiif kânshawwers foar de Gysbert Japicxpriis

juny 3, 2019 19:47

Foto: Aant Mulder

De sjuery fan de Gysbert Japicxpriis hat fiif Fryske skriuwers dy’t foar dy priis yn ommenaasje komme. De Gysbert Japicxpriis bestiet út in bedrach fan tsientûzen euro en foarmet de grutste literatuerpriis yn it Fryske taalgebiet.

De kânshawwers binne Hein Jaap Hilarides foar syn boek De trekker fan Troje, Aggie van der Meer foar har boek De Achttjin, Elske Schotanus foar har boek Wurk, Nyk de Vries foar Renger en Ale van Zandbergen foar Famke famke.

De sjuery, dy’t bestiet út Atte Jongstra, Grytsje Schaaf, Houkje Rypstra, hat in kar makke út proaza dat ferskynd is yn de perioade 2015-2018. De priis wurdt om-en-om takend foar proaza en poëzij. Dêrfoar hawwe hja santich Fryske boeken lêzen. De winnende skriuwer wurdt op 16 novimber yn Boalsert bekendmakke.

juny 3, 2019 19:47
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.