Simone Djurrema: Fielst dy al Sweedsk?

juny 8, 2019 20:00

Kollum

Op it stuit is der fansels in protte te dwaan oer yntegraasje. Net allinnich hjir mar yn hiel Europa. Oant hoefier moatte bûtenlanners harren oanpasse? Wat is it ferskil tusken yntegrearje en assimilearje? Dêr binne in protte mieningen oer en wêr stean ik dan yn it hiele ferhaal?

Ik hie in kollega by de thússoarch dy’t my oan it tinken sette, doe’t se hiel serieus in Eritreeske kollega frege oft er him al Sweedsk fielde. De eagen foelen my hast út ’e holle: ik begriep net wêr’t se it idee weihelle. Se snapt der dúdlik neat fan, neffens my. Se krige ek net safolle antwurd; hoe moat men dêr no ek op antwurdzje nei trije jier yn in oar lân? Miskien sei er ek net safolle om’t ik my dermei bemuoide. Dat wie net sa tûk, ik moat leare om wat mear te harkjen. Dan hie ik grif mear gewaar wurden.

Svenska spåkets utbredning (fan wikipedy.frl)

Kulturele assimilaasje is neffens Wikipedia it sosjalisaasjeproses fan akkulturaasje dêr’t leden fan in net-dominante groep harren yn minge mei de dominante groep en dêr de kultuer fan oernimme, wylst de eigen kultuer loslitten wurdt en kontakt mei de oare leden fan de eigen groep op basis fan ôfkomst net neistribbe wurdt. Dat is dus in hege graad fan partisipearjen mei oanpassing oan de oare groep en amper kultuerbehâld. Der wurdt ek wol praat fan in smeltkroes. (Sels miende ik altyd dat it wurd ‘smeltkroes’ brûkt waard foar in griemmank fan ferskate kultueren dy’t harren tradysjes en gebrûken beholden hiene, mar dat doocht blykber net.) Alle uterlike ferskillen ferdwine, behalve ferskil yn hûdskleur. Yntegraasje betsjut dat der in hege graad fan kultuerbehâld en partisipaasje mei de eigen groep is njonken oanpassing yn de nije kultuer, mienskip en maatskippij.

Dy Sweedske kollega hat dus dúdlik net begrepen wat dat betsjut. Se is nammentlik fan betinken dat alle kultueren allinnich mar goed en moai binne en wat by te dragen hawwe. Dat ferskate gebrûken njonkeninoar bestean kinne. Mar yn dat gefal hoecht men jin nea Sweedsk te fielen. It sprekt inoar tsjin.

As folwoeksenen emigrearje nei in oar lân is it foar de measten ûnmooglik om harren yn de nije taal krekt sa frij út te drukken as yn de eigen taal. Boppedat praat men meastal mei jins man of frou en bern yn de eigen taal. De measte Friezen witte ommers dat it sa frjemd fielt om, as der minsken by binne dy’t gjin Frysk fersteane, Nederlânsk te praten mei in Fries dy’t men al jierren ken. En de taal is noch mar it earste beswier.

Dat ik tink dat de measte minsken gjin kar hawwe. De iennige mooglikheid is om yn de twadde generaasje te yntegrearjen, en dêr is neat mis mei. Of men moat al adoptearre wurde of al hiel jong allinnich emigrearje en folslein ôfsnien wurde fan alles wat net Sweedsk is. As de bern mei in Sweed trouwe wurdt it oars. Dan wurdt der faaks Sweedsk praat yn de húshâlding, en de bern wurde echte Sweden. Dat is assimilaasje.

Thús prate wy mei-inoar gewoan Frysk. It wurket wier net om Sweedsk mei-inoar te praten. En tinke jimme no werklik dat ik ophâlde sil om bygelyks frikandellen, kroketten, snert en boerekoal mei Gelderske woarst te iten? Echt net! Net alle dagen fansels, en wy hawwe it net altyd, mar sa no en dan moat soks dochs wol op tafel komme!

Oan myn kleurke sjocht net ien dat ik gjin Sweedse bin. De taal heart ek wol goed. Se kinne net hearre watfoar aksint ik haw: is it in Sweedsk dialekt, Noarsk of Yslânsk? Mar sels fyn ik hielendal net dat ik my yn it Sweedsk útdruk sa’t ik wolle soe. Boppedat begryp ik noch lang net alle gebrûken. Mar tsjin de tiid dat ik hjir lang genôch wenne haw om dat te berikken is der nei alle gedachten fan dat Sweedskeigene al net safolle mear oerbleaun. Dat komt troch de jongerein, dy’t yn alle lannen opinoar begjint te lykjen, troch de sosjale media en sa. En troch it ynfieren fan nije gebrûken troch ymmigranten fansels.

Ik fiel my dus net Nederlânsk, ek net Sweeds, mar Frysk mei in bytsje ekstra. Al mei al befêstiget it mar wer: kinst de Fries wol út Fryslân helje, mar Fryslân nea út de Fries.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
juny 8, 2019 20:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.