Fermoedlike moardner fan it Zerniketerrein siet al yn ’e sel

juny 10, 2019 19:52

De plysje jaget al sûnt 20 maart op ‘e man dy’t by it Zerniketerrein yn Grins de 27-jierrige Hidde Berman deastutsen hat. No docht bliken dat de fermoedlike dieder al yn ‘e sel sit.

It giet om in man fan 26 jier dy’t foar wat oars oppakt wie. De plysje kin om de rjochtssaak net yn ûnstjoer te bringen net fertelle wat dat wie.

Bergman wie op 20 maart oan it draven oer it Jaadpad yn Grins, deun by it Zerniketerrein, dêr’t benammen gebouwen fan de universiteit en fan de Hânzehegeskoalle sitte. Hy waard troch in ûnbekende mei in mes deastutsen. It hie derfan dat er in tafallich slachtoffer wie. De moard soarge ûnder studinten en meiwurkers fan de ûnderwiisynstellings foar in protte eangst en hja krigen it advys om net allinnich nei it terrein ta.

De plysje hat fuort in komposysjetekening ferspraat fan in man dy’t yn ‘e omkriten fan ‘e moard sjoen is. (Sjoch de ôfbylding hjirnêst.) Oft dat de man is, dy’t no oppakt is, is net buorkundich makke. De fertochte wurdt de kommende dagen yn it ferhoar nommen.

juny 10, 2019 19:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.