‘Fan ús’, efter de skermen by it Frysk Museum

juny 7, 2019 09:09 Fernijd

Tiisdeis om 17.35 oere by Omrop Fryslân op TV.

Yn it nije programma Fan ús fan Omrop Fryslân sjogge we yn fiif ôfleveringen hoe’t it efter de skermen wurket by it Frysk Museum. De mear as 200.000 items dy’t it museum yn behear hat fertelle it ferhaal oer ús erfskip. In ferhaal dat oer ús giet, fan ús is; mar hoe wurdt it fan ús?

Foto: Omrop Fryslân

Museumdirekteur Kris Callens is bliid mei de gearwurking mei Omrop Fryslân: “Troch dizze rige kinne wy de efterkant fan ús museumbedriuw sjen litte. Sa kriget it Fryske publyk in byld fan wat de professionals en frijwilligers oan wurk ferrjochtsje om de rykste regionale kolleksje fan Nederlân te ûntwikkeljen en te bewarjen. Dat dogge wy net foar ússels, mar ta tsjinst fan de hiele mienskip.”

Pim Dinghs (foto: Omrop Fryslân)

Yn Fan ús is ûnder oare it ferhaal te sjen fan Pim Dinghs út Brussel, dy’t in echte Alma Tadematekening fynt op de antykmerk. Dinghs: “Ik tocht: dit is too good to be true!” Hy beslút dat der mar ien plak foar is: it Frysk Museum. It wurkjen yn in museum bringt in hiele ferantwurdlikheid mei. Hoe passe je goed op de items dy’t it museum tabetroud binne en wat as de stikken wer fuort moatte om’t se net mear yn de kolleksje passe?

It museum lient ek in part. Sa is op it stuit in bysûndere beker mei dêryn nammen fan de Fryske adel te sjen. Oarsom lient it museum ek stikken út: oan it MCL bygelyks. Dêrneist moatte de skatten fan it museum ek ûnderhâlden wurde: de brûnspest taastet bygelyks in muntskat út de tiid fan de Wytsingen oan. Hoe wurde de stikken takomstbestindich makke sadat se noch in ivichheid meikinne?

‘Untsammelje’ is in trend yn museumlân, want net alles past mear. Letterlik, mei de beheinde romte yn de depots, mar ek figuerlik. It ôfskied nimmen fan kolleksje-items is in tiidslinend proses: de arguminten moatte fêstlein wurde yn dokuminten, der moat sjoen wurde oft der yn in oar museum plak foar is en de eigener moat efterhelle wurde. En dat is noch net sa maklik, benammen wannear’t in item mear as hûndert jier ferlyn ynbrocht is.

Fan ús
Fan ús is fan tiisdei 4 juny ôf tiisdeis fan 17.35 oere ôf te sjen by Omrop Fryslân op telefyzje.

juny 7, 2019 09:09 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.